Weppers freed 12-8

Weppers tongersdei 11-8
11 augustus 2011
Weppers sneon 13-8
12 augustus 2011

Greidhoek’ Festival
Op sneon 17 septimber is op it swimbadterrein it Greidhoek’ Festival. In noflik festival foar jong en âld. Te sjen oan de webside en oan it logo binne der ek SDS’ers by belutsen:

Is dizze Bob no Aant op de kop of Jan Stenekes sûnder helm op??

SDS-klean bestelle
Wa ’t noch SDS-klean hawwe wol kin dat it best hjoed bestelle. Nije wike giet der wer in nije oarder nei MUTA-Sport.
Dit kinne jim der allegear krije:
SDS-Tas: €33,-
SDS-Rugzak: €27,-
SDS-Trainingspak: €42,-
SDS-Polo: €21,-
SDS-Trainingsbroek kort: €18,50
SDS-Sweater: €25,-
SDS-
Midjack: €47,50
SDS-
Trainingsshirt dry-fit: €21,50
Webshop!
Sjoch ek de link rjochtsunder

Oefenje
Johan Faber hat in lytse tafoeging dien oan it oefenprogramma fan SDS 2. SDS 2 sil moandei 22 augustus om 19.30 yn de Hommerts oefenje tsjin HJSC 1. Sjoch hjir foar it folledige oefen-trainingsprogramma fan SDS 2.

Super
Johan Faber hat ek oanjûn dat hy kommend seizoen SDS 3 ien kear yn de wike trainen giet op tongersdei. Dit betsjut dat SDS 3 allinnich noch op syk is nei in trainer foar de tiisdeitejûn.

In slach foar
Van der Wei en Sprik lykje noch drok dwaande te wêzen maten te sykjen foar snein yn Menaam. In mooglikheid hie Chris Wassenaar wêze kind, Mar dêr hat Hendrik Engbrenghof persoanlik in stokje foar stutsen. Snein keatse sij meielkoar op de earste klas partij yn Easterein.

Kommisje de Blaauw
Der binne plannen om yn de hjerstfakânsje wat spesjaals foar de jeugd te dwaan op de Skoalleseize. Hoe en wat kinne wij noch net oanjaan mar it begjin fan alles is der: de kommisje de Blaauw sil oan de slach.

de Boer -de Boer
It sil gjin tafal west ha dat Eddy de Boer sneon mei mear as spesjale oandacht yn it Abe Lenstra stadion wie om nei scHearrenfean te sjen. Snein moat Ajax tsjin scHearrenfean en it begjint der wat op  te lykjen dat de Boer fan Easterein syn efterefterefterefterefter neef de Boer fan Ajax op de hichte brocht hat. Beide binne snein yn de Arena!

South-Park SDS’ers(30)
Wy kinne hast wol wer wat nije South-Park-SDS’ers brûke. Wolle jim ien meitsje dan kinne jim der hjir alles oer lêze.
Janneke van den Elshout makke hast alle froulju fan SDS DA2. Hjir Amarins Hendriks: 


Harsens derby (540)
Dit is dochs in alderaardichste goal:



Letter miskien mear!