Freuleweppers

WK-finale
9 augustus 2011
Weppers tongersdei 11-8
11 augustus 2011

Freule
In soad SDS’ers sille hjoed wer presint wêze op de Freule yn Wommels. Ek dogge der wer in pear SDS’ers mei. Sjoch
hjir foar de list.
Rom foar klokslach 12 oere wiene de SDS-ers al fan de list. Itens en Easterein yn de earste en Wommels yn de twadde omloop.

Nije j
eugdgids
De nije
SDS-jeugdgids is út.

SDS-klean bestelle
Wa ’t noch SDS-klean hawwe wol kin dat it best dizze wike bestelle. Nije wike giet der wer in nije oarder nei MUTA-Sport.
Dit kinne jim der allegear krije:
SDS-Tas: €33,-
SDS-Rugzak: €27,-
SDS-Trainingspak: €42,-
SDS-Polo: €21,-
SDS-Trainingsbroek kort: €18,50
SDS-
Sweater: €25,-
SDS-
Midjack: €47,50
SDS-
Trainingsshirt dry-fit: €21,50
Webshop!
Sjoch ek de link rjochtsunder

Nei QVC
Christian Zijlstra is ferhúze nei Starum en sil net mear foar SDS A1 fuotbalje. Fansels giet hy by QVC fuotbaljen. Wy sille him fan ’t jier fêst noch wolris tsjinkomme, want QVC A1 sit by SDS A1 yn de kompetysje.

Shuttle-Runtest
By SDS 1 hawwe sy juster en jajuster wer in hearlike Shuttle-Runtest hân fan trainer Jaap de Blaauw. Wa ’t him ôffreget wêrom ’t de mannen hjoed sa wurch binne kin der
hjir mear oer lêze en it dan miskien thús ris útprobearje.

South-Park SDS’ers(29)
Wy kinne hast wol wer wat nije South-Park-SDS’ers brûke. Wolle jim ien meitsje dan kinne jim der hjir alles oer lêze.
Dizze fotograaf sille wy hjoed wol op de Freule treffe. Jim kin dan lyk efkes sjen as hy wat liket. Hjirûnder Henk Bootsma fan op ‘e nij Hendrik de Jong:


LC-League
By de Ljouwerter Krante hawwe sy ek in soarte fan SDS League. Neffens Johan Delfsma dogge hjir ek al 16 SDS’ers mei oan in saneamde subleague dy ’t SDS hjit. Om Johan kin der noch wol in pear by. Je kinne je
hjir ynskriuwe.

Transfernijs(17)
De Eredivisie is los, mar de klups meie noch oan ’t en mei nije spilers helje en kinne ek noch wolris wat kwytreitsje. Der sille dus noch wol hiel wat “tranfer”berjochten ferskine de kommende 3 wiken. Meastal is mear as de helt net wier. Hjoed kinne wij melde dat
-Verhoek no al ûnwennich is yn Ingelân en by ADO bliuwt
-Beerens dochs nei AZ giet

Harsens derby (538)
Dit is in knappe koarte korner: