Weppers woansdei 9-6

Weppers tiisdei 8-6
7 juni 2010
Weppers tongersdei 10-6
9 juni 2010

Wk formulieren
Jim sille wol tinke dêr binne se al wer te seuren oer dy formulieren. Dat klopt. Wij hawwe it idee dat der al hiel wat WK poule formulieren ynfuld binne en klear lizze op de tafel, de treppen, yn de auto of yn de bûse. Want it oantal wat wij binnenkrigen hawwe hâldt noch net oer. Wij oerwage ek noch om de slúttermyn nei foaren te heljen fanwege omstannichheden en soene jim dus no mei klam freegje wolle om it formulier hjoed of uterlik moarn lâns te bringen. Jim dogge ús der in hiel grut plesier mei.

Oefentsjinstanners socht
De nije trainer fan SDS 2, Johan Faber is no al drok dwaande mei it oefenskema foar it nije seizoen. Foar augustus hat hy alles al rûn, mar foar septimber siket hy noch 2 tsjinstanners:
28-09  dinsdag bij voorkeur uit(lichtwedstrijd)
12-10  dinsdag bij voorkeur uit(lichtwedstrijd)
Voorkeur gaat uit naar 5de /6de klasser of res 1ste/2de klasse.
Wa ’t belangstelling hat kin maile nei
info@vv-sds.nl.

Midsimmercup
Kommende sneon is yn Dronryp wer de Midsimmercup. Itselde ploegje SDS’ers wat yn Koudum west hat sil ek nei Dronryp. Dit binne Robert, Harm, Feite, Tsjipke, Jaap, Skelte en Willem. Tsjalling sil ek noch mei as joker en Floris sil it team leide. Hjir kinne jim alles fine oer de Midsimmercup.  

Stimadfys
Wij kinne fansels gjin stimadfys jaan. Meinte Wesselius wol. Hij lit ús witte dat hij stimt op
Mens en Spirit. Liket ús in fatsoenlike partij ta. En neffens Meinte echt wat foar swevende types c.q. kiezers.

Ut de alde doaze

In protte Eastereinders sille him foaral kinne. Rients Rienstra, earder fuotballer en ek jeugdtrainer bij SDS. Op de foto steand de twadde spiler fan lofts. Hij hat in jier mei syn gesin nei Zambia west en kaam grutsk werom. In boarterstún yn Zambia hjit no: “The Rienstra playpark” . Syn ferhaal kinne jim
hjir lêze.


Anne Brouwer klear foar WK
Wy hawwe trochkrigen dat moandei de Jimbar iepen is fanôf in oer as 1. Om healwei 2 begjint it fuotbal, dus dat komt moai út foar de minsken dy ’t frij binne, of frij nimme.


Kursus Frysk
Ron Jans hat in kursus Frysk dien. Wy binne benijd wat hy hjir fan makke hat:”We hebben ze een poepie laten ruiken’ en ‘De scheids heeft stront in z’n ogen”(klik
hjir).

Harsens derby (228)
Mei in hakje in hamstringblessure oprinne is kloaten fansels, mar sa binne je hielendal moai yn ‘e prizen: