Weppers tongersdei 1-12

Lêste thúswedstriid SDS 1 yn 2016
1 december 2016
SDS-League: ‘Algemeen Fons’ pakt wykpriis!
1 december 2016

keepersdei-2016-poster-1Sneon 22 april 2017; keepersdei!

Jim koenen yn de Treffer al lêze dat der op sneon 22 april by SDS in keepersdei organiseare wurd.
It dielnimmersformulier is klear en jim kinne jim no hjir opjaan.

Sinterklaasje

SDS 1 en 2 sille beide fannejûn Sinterklaasje yn de kantine. SDS 1 en 2 traine dan ek beide om 19.00 oere. SDS 1 op keunstgers en SDS 2 efter de sporthal. Jan Stenekes sil Sinterklaas wolkom hjitte yn de kantine.

Topper

Nei de derby fan ôfrûne sneon tsjin Nijalnd 2 hat SDS 2 sneon wer in drege pot op it programma. Sy meie út nei VVI 2. SDS 2 stiet bppe-oan yn de kompetysje en VVI 2 stiet twadde. De ienige wedstryd fan it seizoen dy ’t SDS 2 ferlern hat oant no ta wie de alderearste wedstryd fan it seizoen thús tsjin …………..VVI 2…..

SDS-League

Jûn wer in nije stân fan de SDS-League om 20.32 oere hjir op de webside en om 20.23 oere yn de kantine. Soe ‘Torpedo Toering’ noch boppe-oan stean? En wa pakt dizze wike de wykpriis?

SDS-FIFA-2017-toernoai

Hasto dy al oanmelden foar it SDS-FIFA-2017-toernoai op freed 9 desimber yn de kantine?
sds-fifa-17-toernoai
Lês der hjir alles oer!

 

Harsens derby (1800)

De âlderen ûnder ús witte noch wol dat Eddy Treijtel fan Feyenoord ea in do út de loft skeat mei in úttraap. De do oerlibbe it net. Freegje Appie mar ris?
Yn Skotlân skeat in keeper in seefûgel út de loft. Dy skuode efkes mei de holle en fleach wer fierder……….