Weppers tongersdei 1-10-2020

Weppers woansdei 30-9-2020
30 september 2020
Weppers freed 2-10-2020
2 oktober 2020

SDS seal wint op ‘e nij!

SDS seal hat justerjûn wûn mei 5-3 fan koprinner Futsal Heerenveen 5 en steane no kreas twadde yn de kompetysje.

Dei fan de skiedsrjochter!

Sneon is it de dei fan de skiedsrjochter! Dat betjut dat alle skiedsrjochters by SDS sneon noflik genietsje kinne fan kofje mei gebak yn de bestjoerskeamer.

Gjin té…..

Sneon wurdt der yn de rêst fan de wedstriden gjin té of limonade skonken yn de rêst. Dit om safolle mooglik kontakt te meien. It liket ús foar de SDS’ers wol handich om sneon harren bidon te brûken foar it drinken yn de rêst. Wy binne benijd wat der dan yn sit.

SDS 1 – Oudehaske 1 sûnder publyk, mar mei Twitter

Lykas alle oare wedstriden mei der ek gjin publyk by SDS 1 – Oudehaske 1. Us wepmaster en Voetbalnoord-ferslachjouwer Aant Hofstra sil fia Twitter ‘libjend’ ferslach dwaan. Us fêste fotograaf Henk Bootsma sil plaatsjes sjitte. Enne Bruinsma sil sa lûd omroppe dat it yn de hiele Greidhoeke te hearen is.

Kantine ticht……..

Nei oanlieding fan de wedstriid fan ôfrûne sneon soe Anne Stenekes jûn strafkorvee draaie. It rint mei in sisser ôf………. De kantine is ticht………

Ssssssssssssssssssssssssssssssssssst!

Harsens derby (2258)

Toet, toet!

 

 

Moarn mear!