Weppers freed 2-10-2020

Weppers tongersdei 1-10-2020
1 oktober 2020
Sneon 3-10-2020
2 oktober 2020

SDS 1 – Oudehaske 1    (14.30 oere yn Easterein)

It hie sa moai wêzen kinne meielkoar, mar it wurdt him net. SDS 1 – Ouehaske wurdt krekt as alle oaren wedstriden hjoed spile sûnder publyk. Fia Twitter (op ús side) en Live uitslagen (Voetbalnederland)  kinne jim op de hichte bliuwe fan de tuskenstannen. De seleksje: 1 Jaap©️, 2 Luuk, 3 Erik, 4 Gerwin, 5 Remco, 6 Pieter, 7 Steven, 8 Teun, 9 Stan, 10 Matthijs, 11 Peter, 12 Jacob-Klaas, 13 Jelte-Pieter 14 Jelmer 15 Mark 16 Wiebe 17 Frank 18 Wierd 19 Hendrik en 20 Lourens.

Sponsers fan de wedstriid

Dan binne je sponser fan de wedstriid en dan mei der gjin publyk bij komme. It oerkomt Johan Delfsma dy’t mei Joke eigner is fan WoonVaria.

Colors@home Woonvaria Wommels Logo

Sponsers fan de wedstriid

Teledatacom is ek sponser foar de wedstriid. It publyk krijt der net folle fan mei, mar lokkich genôch is meiwurker Jappie Wijnia al by de wedstriid as assistent-trainer fan SDS 1.

SDS 1 – Oudehaske 1 sûnder publyk, mar mei Twitter

Lykas alle oare wedstriden mei der ek gjin publyk by SDS 1 – Oudehaske 1. Us wepmaster en Voetbalnoord-ferslachjouwer Aant Hofstra sil fia Twitter ‘libjend’ ferslach dwaan. Us fêste fotograaf Henk Bootsma sil plaatsjes sjitte. Enne Bruinsma sil sa lûd omroppe dat it yn de hiele Greidhoeke te hearen is.

sc Franeker 2 – SDS 2   (13.15 oere yn Frjentsjer)

SDS 2 mei ek oantrede hjoed. Sij reizgje ôf nei in ploech dy’t nei 2 wedstriden noch gjin punten hat. Dizze seleksje fertrekt om 12.00 oere en fuotballet om 13.15 oere:
1. Arjen, 2. Bauke, 3. Ewout, 4. Jesse, 5. Jort, 6. Jurjen, 7. Lieuwe, 8. Mark, 9. Sietse, 10. Sjoerd, 11. Steven, 12. Wessel, 13. Wesley en 14 Habtamu

SDS 3 – Urk 6  (14.30 oere yn Easterein)

Beide ploegen hawwe ien kear spile. SDS hat trije en Urk hat ien punt.
De seleksje: Sjoerd, Haye, Jildert, Piter, Hendrik, Stefan, Yward, Mark, Anne, Niels, Willem, Tjeerd, Bote, Kees en St(e)ijn).

LAC Frisia 1883 4 – SDS 4

SDS 4 hat 1 punt en dêr soene sneon wolris trije bij komme kinne. Wêr’t ús optimisme wei komt witte wij sels ek net. Dizze seleksje sammelt om 13.30 oere:
Johannes, Allert, Andries, Halbe, Ralph, Michael, Gerben, Aiso, Jeffrey, Jorrit, Sytse, Gertjan, Igor en Johan.

SDS 5 – Lions ’66 3

Tjeerd Dijkstra spile ferline wike mei SDS 4 tsjin Lions 2. Dat gie krekt mis. No krijt er syn revâns mei SDS 5 tsjin Lions 3.
De seleksje: Gert-Jan, Henk, Jan-Simon, Jentsje, Jeroen, Klaas, Ronny, Syb, Tsjipke, Kerst en 3 fan de JO19.

Koronahelm

Diego Maradona hie lykas syn ‘assistent-trainer’ fannewike in spesjale Koronahelm op by in wedstriid fan syn klup:

Dit like it ’trainerstrio’ fan SDS 1 ek wol wat:

Mei tank oan Frank Bervoets!

Gjin helm

Mocht it moarn te waarm wurde foar in helm dan hat trainer Douwe Posthuma ek al in minder waarme fersje……

Wy krije it der waarm fan…..

3 J’s

Oan de bank sil it moarn net lizze by SDS 1!

Jacob-Klaas, Jelte-Pieter en Jelmer.

Mûlkapkes yn de auto nei útwedstriden?

De KNVB jout as advys dat as je mei syn allen yn de auto moatte nei b.f. in útwedstriid dat elkenien fan 13 jier en âlder in mûlkapke draacht. Yn in bus is it mûlkapke ferplicht.

Harsens derby (2259)

Ho……