Weppers moandei 6-4

Weppers snein 5-4
3 april 2009
Weppers tiisdei 7-4
6 april 2009

Hartstikkene yn ‘e war
De webside is noch altiten wat yn ‘e war. Nije sponserlogo’s kin noch net pleatst wurde, in nije sponserbanner kin noch net op de side, ferslagen kin der net op, de SDS-League wol der net op, foto’s wolle net goed. Al mei al, soe Foppe wol sizze, is de webside noch hartstikkene yn ‘e war.

Hartstikkene goed
 

SDS 4 hie sneon gjin flagger. Peter Stuiver hie mei B1 spile, soe bij A1 op de bank en hie tuskentroch efkes neat te dwaan. “Sil ik efkes flagje”, sa frege hij sels. “Graach”wie it antwurd fan lieder Ivo, dy’t hersteld is fan syn teanblessure mar no mei hernia omrint. Hartstikkene super, soe Foppe wol sizze.

Hartstikkene wiis mei 
Dirk-Yde Sjaarda hat beslúten om net nei Wit/Zwart-Sneek te gean en folgend seizoen dus gewoan by SDS te fuotbaljen. Dêr binne wy hartsikkene wiis mei soe Foppe wol sizze.

Hartstikkene sneu

 

 

 

 

 

 

 




Foar Jarco Pompstra is it fuotbaljen dit seizoen wol hiel ferfelend einige. De skonk stikken en yn ôfwachtsjen fan fierdere help siet hij sneon efter it glês nei syn maten fan A1 te sjen. Hartstikkene sneu soe Foppe wol sizze.

Hartstikkene dom
 
 

 

 

 

 

 




De hearen fan SDS 3 attendearden ús op it eigen doelpunt fan SDS 3. Makke troch Bauke Dijkstra. Hartstikkene dom, soe Foppe wol sizze en seine syn maten.

Hartstikkene moai op ‘e tiid
De Treffer leit by Hanzedruk en leit hooplik foar de Peaske by jim troch de bus. Hartsikkene moai op ‘e tiid soe Foppe wol sizze.

Hartstikkene soad
De jeugd fan SDS hat mei it ferkeapjen fan dropkes €1650,- ophelle. dat is in hartstikkene soad soe Foppe wol sizze.

Hartstikkene moai
De Bundesliga stiet net echt bekend om syn moaie fuotbaljen. Wat ús oangiet wurdt dizze geweldige goal fan ôfrûne wykein dan ek lyk útroppen tot goal fan de ieuw. Hartstikkene moai soe Foppe wol sizze:
(Sjoch hjir foar de geweldige goal fan Grafite fan VfL Wolfsburg. It is de 4-1 en begjint by 1.08).