Weppers tiisdei 7-1-2020

SDS-League: ‘Aan de kant ik moet naar het stadion’ pakt de titel!
6 januari 2020
SDS 1 tongersdei op it OFK
8 januari 2020

SDS VR 1 op OFK

SDS VR1 is der juster net yn slagge de finaledei te heljen. Mei ferlies tsjin sc Stiens (2-1), Wolvega (1-0) en cvv Oranje Nassau (1-4) en in gelykspul tsjin Leeuwarder Zwaluwen einigen sij as lêste.  Hoewol….yn harren poule skittere AS Extudiantes troch ôfwêzigens en kamen sij echt ûnderoan. De útslagen en de einstân kinne jim hjir sjen.

Oefenprogramma SDS 2

SDS 2 begjint jûn wer te trainen en sil dit dwaan tegeare mei SDS 1 om ’t der noch in soad op wintersport binne. Trainer Okke van der Kamp hat ek wat oefenwedstriden ynpland:
– sneon 11 jannewaris: SDS 2 – Scharnegoutum 2 14.30 oere
– sneon 18 jannewaris: SDS 2 – sc Franeker 2 12.00 oere
– sneon 25 jannewaris: SDS 2 – vv Burgum 3 12.00 oere
Sneon 1 febrewaris hat SDS 2 de earste kompetysjewedstriid wer thús tsjin vv Minnertsga.

Ek wer los!

Ek de JO19-1 en de JO19-1 sille jûn wer traine.