SDS-League: ‘Aan de kant ik moet naar het stadion’ pakt de titel!

Weppers moandei 6-1-2020
6 januari 2020
Weppers tiisdei 7-1-2020
7 januari 2020

Sa as ferwachte pakt ‘Aan de kant ik moet naar het stadion’ fan Sjoerd van Beem de titel yn de SDS-League. Hy hie wat in mindere lêste wike, mar eindigt noch altiten mei 23 punten foarsprong op ‘Man van fiets’ fan Thor Ruiter en Kristiaan Gaastra op nûmer 1.

Arjan ‘FC Hallema’ sakket yn de lêste wike noch krekt fan it 2e nei it 3e plak. Robert Hoekstra wurdt mei ‘FC Kratje Bier’ 4e en ‘Adem in, Adem Zuid’ fan Remon Rameau eindigt as 5e. ‘De Jonkoboys’ fan Lourens van de Pol wurde kreas 6e en Marit en Pytrik Kuperus hawwe it ‘P(r)ima’ dien mei in 7e plak.

Ferrassing yn de top 10 is ‘Brekken Boys’ fan Okke van der Kamp. Yn de lêste wike grypt hy krekt neist de wykpriis, mar giet hy wol fan it 19e nei it 8e plak.

It 9e plak wurdt dield troch ‘Henkie Heisenberg’ fan Hendrik de Jong, ‘MarkrEeltje’ fan Marije & Eeltje en ‘RSG-Girl’ fan Anouk Delfsma.

Yn it lêste wykein pakt ‘FC Ballie’ fan Stefan van der Velde syn twadde wykpriis. Hy komt hjirmei krekt net yn de top 10, mar dat sil him woarst wêze.

‘XXXDappere strijdersXXX’ fan Jelmer Posthumus is lêste wurden yn de SDS-League en krige sneon de poedelpriis; in prachtige SDS-faan.

Begjin febrewaris hoopje wy los te kinnen mei de twadde helte fan de SDS-League.

 

SDS League 2019-2020 earste helte wike 13 eindstand