SDS 1 tongersdei op it OFK

Weppers tiisdei 7-1-2020
7 januari 2020
Weppers freed 10-1-2020
10 januari 2020

Tongersdei meie de mannen fan SDS los op it OFK yn Frjentsjer. Lykas de froulju fan SDS Vr.1 ôfrûne moandei treffe sy ek in drege poule:

SDS
Workum 1 seal
’t Fean ’58 1
sc Franeker 1
AS Exstudiantes
VCR

SDS mist wat spilers no ’t der in bult op wintersport binne en wat blessures. Sy komme moarn mei dizze spilers yn aksje:
Jaap Toering, Erik Haitsma, Remco Hylkema, Ewout de Boer, Peter Hoogerwerf, Skelte Anema en Willem Wijnia.
Bote Strikwerda sil inkelde wedstriden flagje.

It programma sjocht der sa út:
19.44 oere: SDS – VCR (hal links)
20.26 oere: ’t Fean ’58 – SDS (hal links)
21.08 oere: SDS – Exstudiantes (nije hal)
21.50 oere: sc Franeker – SDS (hal rechts)
22.32 oere: Workum seal 1 – SDS (hal rechts)

Hjirûnder âlde bylden fan doe ’t it OFK noch de Midwintercup wie en it net yn de Trije yn Frjentsjer, mar yn it FEC yn Ljouwert wie. It liket wol 100 jier lyn….