Weppers tiisdei 6-10

Weppers moandei 5-10
4 oktober 2009
Weppers woansdei 7-10
6 oktober 2009

SDS C2 op foto
Klaas de Haan hat eltsenien fan SDS C2 op de foto setten. It is ús noch net slagge om se op de webside te setten, mar dat sil dizze wike seker noch slagje.

Meinte-Sixmatoernoai
Zaterdag  24 oktober a.s is het Meinte-Sixmatoernooi. Het
is van 9:00 tot 13:00. Het is voor D-, E- en F-pupillen. Graag doorgeven wie meedoet en uit welk team hij komt i.v.m indeling teams. Het is een 4 tegen 4 toernooi.

Doorgeven kan bij bouke.bouma@home.nl. Opgeven voor 17 oktober!!!

Ook scheidrechters die willen fluiten die kunnen zich opgeven via dit emailadres.
Graag zo spoedig mogelijk!
groet JC
 

Tsjinfaller
It liket ús dat by Feyenoord it fertrouen op it heden aardich grut is en dus ek by it “legioen”. Dit koe allinnich wolris tsjinfalle. Dirk-Yde Sjaarda woe wol wer ris nei in thúswedstryd fan Feyenoord. It falt ús dan in bytsje tsjin as je dan sa wis wêze wolle fan in winstpot en nei Feyenoord-RKC ta gean……. 

SDS – Nijland-pool!
Yn gearwurking mei de wepmaster fan vv Nijland wolle wy graach wer in pooltsje opsette foar de derby fan sneon tusken SDS en Nijland. Mail ús de rêst- en einstân en wy binne benijd wa ’t der gelyk krije.
Mail ús jo foarsizzing! Mail nei
info@vv-sds.nl.


“101 redenen om van SC Heerenveen te houden”
Frans Duivis is de skriuwer van in boek dat giet oer SC Heerenveen mei de titel “101 redenen om van SC Heerenveen te houden”. Henk Bootsma kin dizze man, en hij frege him as hy ek leuke anekdotes wist te fertellen oer SC Heerenveen die ’t miskien dan opnommen wurde yn dat boek. Henk is allinnich noch nea yn it Abe-Lenstrastadion west en kin dêr dus ek nea oer fertelle. Hy tocht wol lyk oan de SDS’ers dy ’t wol geregeld by SC Heerenveen oan de kant stien hawwe en miskien ek wol wat op papier sette wolle. De mailtsjes meie (yn it Hollânsk) nei Henk Bootsma ta maild wurde (henkbootsma@planet.nl) en hy soarget der dan foar dat sy by de skriuwer komme.

Riemer van der Velde sil it foarwurd yn dit boek dwaan.

“De moaiste hast-goals” (3)
Dizze is op ‘e nij super. Diego Maradona liet yn 1986 op it WK yn Mexico tsjin Ingelân sjen dat hy op dat momint de beste fuotballer op de ierde wie. Hy die dit mei in magistrale solo fanôf de middenline wêrnei hy ek noch skoorde. Yn 1980 hie hy yn in freonskiplike wedstryd mei Argentinië de Ingelsen al warskôge mei in hast identike aksje. Echt super: