Weppers woansdei 7-10

Weppers tiisdei 6-10
5 oktober 2009
SDS League: Brammetje koprinner!
7 oktober 2009

Trainen B-junioaren
It trainen fan de B-junioaren giet jûn net troch. Wa ’t fan de B’s al traine wol kin dit om 20.15 dwaan mei A1.
Ab Scheepvaart


Foarsizzing
Ien fan webmasters hat juster in poging dien om it op in akkoardsje te gooien mei ien fan de wichtichste spilers fan Nijlân. “In eigen doelpuntje, soe dat ek wat wêze? Foar in kratsje bier”?
Helaas wie dat hielendal ferkeard ynskatten. It fjoer spatte hast út de oars wol freonlike eagen fan dizze kollega en hij joech oan dat in eigen doelpunt meitsje útsletten wie en tsjin SDS al hielendal.
“Do krijst fan mij in kratsje bier, at ik yn eigen doel sjit”, wie syn tsjin bod.
Ik haw wolris begrepen dat hij net graach in bierke wei jout dus wie dat wol in unyk oanbod.
Undanks dizze stevige ynset ferwachtet de webmaster (mei it burd) in 3-2 oerwinning foar SDS mei in eigen doelpuntsje fan WvE en dus in kratsje (doch mar) Hertog Jan.

SDS – Nijland-pool!
Yn gearwurking mei de wepmaster fan vv Nijland wolle wy graach wer in pooltsje opsette foar de derby fan sneon tusken SDS en Nijland. Mail ús de rêst- en einstân en wy binne benijd wa ’t der gelyk krije.
Mail ús jo foarsizzing! Mail nei
info@vv-sds.nl.
Wy hawwe ynmiddels al sa ‘n 10 foarsizzingen binnen. 

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
SDS 1 spilet jûn om 20.30 thús tsjin VC Trynwâlden 1. Feite, Tsjipke, Jan-Simon, Tseard, Jaap en Willem sille probearje de earste 3 punten yn Easterein te pakken.
De wedstryd tusken SDS 2 en Renado 3 giet net troch. Renado hie mar 3 spilers.

Beste leiders en trainers, 
Nu er weer iets meer regen valt, dan een paar spetters is het aan alle leiders en trainers de eigen verantwoordelijkheid om er op toe te zien of er wel getraind kan worden.
Laten we zuinig zijn op de trainingsvelden zodat we er lag plezier van kunnen houden.
Ook na iedere training even de goals van de velden af halen zodat de onderhoudsploeg er makkelijker bij kan.
Alvast bedankt voor de medewerking,
Andre Christiaan Vink

Eredivisie Live
Us berjocht oer in moanne fergees Eredivisie-live foar Ziggo kabelklanten kloppe. Mar de koach fan de froulju is noch net hielendal tefreden:
It is wier! Ik siet juster te sappen en hie samar ienienen fuotbal der foar. Leuk betocht, mar komt der ek Frouljusfuotbal op?  Tsjeard

In Kamstra

Sa’t jim witte wurdt de namme fan Kamstra bij SDS hast altyd yn ferbân brocht mei in doelman. Klaas (hat de top net helle), Rimmer (noch in lange wei nei de top) en Harm Jan (komt hieltyd tichter bij de top). Dizze lêste hie sneon wer in krease rêding dy’t yn byld brocht wurdt troch in foto fan Henk Bootsma

SDS C2
De jonges fan C2 steane der hast allegear wer kreas op. Lieders Klaas en Roel haawe moai wat foto’s ynlevere en jim kinne se
hjir efkes besjen.

Elleboog
Ôfrûne sneon mocht Douwe-Dirk Reitsma opdrafe as assistint-skiedsrjochter by Excelsior ’31 – WHC (5-4). Hy wie dêr tsjûge fan in “echte elleboog” (sjoch it filmke fanôf 3.35 minúten, klik hjir).

SDS League
Jûn kinne jim hjir de nijste stân ferwachtsje.

Treffer
De nije Treffer leit by Hanzedruk. As sy klear binne mei it SDS-plaatsjesboek dan sil de Treffer wol drukt wurde. Wy hoopje dat der it wykein by eltsenien op de matte falt.

“De moaiste hast-goals” (4)
David Ginola makke yn syn tiid by Tottenham Hotspur net allinnich reklame foar sjampoo, mar koe ek geweldich fuotbalje. De iene goal wie noch moaier dan de oare. Spitich genôch gie dizze der krekt net yn: