Weppers tiisdei 4-4

Weppers moandei 3-4
3 april 2017
Weppers tongersdei 6-4
6 april 2017

Seal

It sealteam moat dizze wike ek wer los. Op woansdeitejûn yn Langwar om 19.00 oere..

Drop aksje


Dizze wike en nije wike de bekende dropaksje fan de jeugd fan SDS.  En in moaie ferkeap- of dropopytfoto , sa as dizze, meie jim altyd maile nei sds-nijs@home.nl

SDS 4

Sneon spilen sij yn Easterein tsjin it twadde fan ien fan de BOSO klups. It waard 3-3.
18 de: 0-1 efter
25ste: 0-2 efter
44ste: 1-2 Eeltje frije traap fan 25 meter
50ste: 1-3 efter
80ste: 2-3 Igor kopbal
89ste: 3-3 Eeltje penalty

Alde doaze


Rommelje yn de âlde doaze levert dizze foto út 1997 op. It is de E1 en miskien herkenne jim de taleinten fan doe as toppers fan no? Sis it mar……

Jelle de Boer paad


Ald SDS 1 spiler en hjoeddedei skiedsrjochter bij SDS Jelle de Boer hat ôfskie nommen fan “it fûgeltsjelân” bij Skrok en Skrins. As tank foar bewiisde tsjinsten is it paad bij Skrins nei him neamd.

Harsens derby (1864)

Knappe goal!