Weppers tongersdei 6-4

Weppers tiisdei 4-4
4 april 2017
SDS-League: Salestijgers pakt wykpriis!
6 april 2017

Boudewijn en Jeroen tekenje by!

SDS is der tige wiis mei dat Boudewijn Kramer ek folgend seizoen trainer wêze wol fan SDS 2. Ek leider Jeroen Brouwer hat oanjûn in jier troch te wollen. Ek hjir is SDS tige wiis mei. SDS 2 is op wei kampioen te wurden yn de Reserve-3e-Klasse mei troch de fertsjinste fan Boudewijn en Jeroen. SDS 2 kin sneon by winst thús tsjin Mulier al kampioen wurde.

  

Marco Hoekstra is jierdei!

De trainer fan SDS 1, Marco Hoekstra, is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Afbeeldingsresultaat voor marco hoekstra sds

Kantine iepen

Fannejûn is de kantine fansels ek wer iepen en it beloofd in alderaardichste jûn te wurden want Jan Stenekes hat namelijk bartsjinst. Elkenien is wolkom! Kinne wy it moai noch efkes oer Ajax – Feyenoord hawwe!

Seal team

Wij ferûnderstelle dat it woansdeitejûn gjin spannende wedstriid west hat yn Langwar tusken Langweer seal 1 en SDS seal 1. Ein útslach 12-0.

Drop ferkeapje


Rinnende, mei de fyts,  of wat ek wat, alles wurdt ynset om de drop fan SDS oan de man/frou te bringen. Gida Heerma spotte der twa jonges op in hooverboard. Jan Vellinga en Luuk Meijer behearskje dy keunst fan bewege en ek de keunst om drop te ferkeapjen.

SDS-League

Jûn om 20.32 oere stiet de nijste stân fan de SDS-League hjir wer op de webside. Wy binne benijd!

Harsens derby (1865)

‘Dankewol!’