Weppers moandei 3-4

Sneon 1 april
31 maart 2017
Weppers tiisdei 4-4
4 april 2017

SDS-dropaksje

It is wer tiid foar de SDS-dropaksje. Dizze en nije wike kinne jimme wer SDS’er(ke)s oan de doar ferwachtsje dy’t drop ferkeapje.

Afbeeldingsresultaat voor sds dropaksje

Ferslagen

Der binne ferslagen fan wedstriden fan MO15-2, fan JO9-1 en fan de oerwinning fan JO15-1. Sjoch hjir

Dennis Vinke krijt de KNVB zilveren-scheidsrechtersspeld

Dennis Vinke hat mar leafst 18 jier skiedsrjochter west foar de KNVB skiedsrjochter en dêrneist ferskate oefenwedstriden en toernoaien floten. Hy wie in wurdeare skiedsrjochter. Yn desimber hat hy besletten mei troch blessures der mei te stopjen. No hat hy mear tiid foar it team fan JO9-1wêr hy leider en trainer fan is en wedstriden by SDS te fluitsjen. Sneon krige hy út hannen fan Durk Ybema fan de KNVB de zilveren-scheidsrechtersspeld útrikke foar syn fertsjinsten foar de KNVB.

MO15-1 op de foto


De fammen fan MO 15-1 kinne letter ek weromsjen op in alvetalfoto mei wa’t se fuotballen yn 2017 en op hokker kleur skuon der yn dy jierren fuotballe waard. En wij? Wij kinne wer ien ôfstrepe op ús listje…..

Unyk doelpunt

Noch wol efkes oandacht foar wat yn it ferslach fan MO15-2 fan sneon stiet :

Over het vierde doelpunt van SDS zijn de meningen verdeeld over wie het doelpunt nu maakte. Een verre uittrap van Emma werd misschien wel/misschien niet aangeraakt door een verdedigster van Bolsward en rolde zomaar de goal in! Op het veld was er geen twijfel dat Emma de goal gemaakt heeft. Een unicum: een goal gemaakt door de keepster!

1 april!

Sneon wie it 1 april, dus dan meie je in grapke úthelje. De lieder fan de JO19 Johan Heerma hie de mannen moai te pakken:

Harsens derby (1863)

As je it sa hawwe wolle dan slagget it je net………..