Weppers tiisdei 4-3

Weppers moandei 3-3
3 maart 2014
Weppers woansdei 5-3
4 maart 2014

De F-kes geane wer los
Woansdei 5 maart begjinne we wer mei de trainingen fan’e F-pupillen.
Fan 16.00 oere tot 17.00 oere de F4 en Minileague spilers.
Fan 17.00 oere tot 18.00 oere de F1 t/m F3.
Mei help fan Christiaan, Luuk, Gerwin en Inne sille we de spilers wer in protte probearje te learen.
Tsjipke


SDS 4
Sij skoare dit jier net folle. At se dan de doelpuntenmakker ek al net mear trochjouwe oan de wepmasters dan bliuwt it oantal hiel lyts. As skoarde WPB yn eigen doel?

Programma sneon 8-3
Kommende sneon meie alle SDS-teams it fjild wer yn. Dat betsjut dat it wer drok wurdt op de fjilden yn Easterein. Sneon binne der 10 thúswedstriden. Dit falt noch ta, want de wike dêrop binne der 13 thúswedstriden. Sjoch
hjir foar it hiele thúsprogramma.

Deaspul
It AD pleatst moandeis altyd in bijsûnder alvetal yn de krante . Juster gyngen se wol foar in hiel opmerklik alvetal.

Hoopfol
In stik as wat Feyenoorders út Easterein hiene in machtich moaie dei hân snein. Utsein it ferlies fansels. En sa binne alle Feyenoordfans al dagen, al wiken, al moannen, al jierren tige betôft yn it oan gean mei in teloarstelling”. Ien fan de wepmasters brûkt
dit en slacht dêr wat hurder op om as oars.

Alderaardichst
Permalink voor ingesloten afbeelding

Âlde-lullentoernoai
Kommende snein is der foar de alderlêste kear it “Âlde-lullen-sealfuotbaltoernoai” fan Daan Boersma yn de sporthal yn Easterein. It begjint om 13.00.
Rûn in oer as 6 it hichtepunt as “Loewietje” miskien wol foar de alderlêste kear syn wrâldferneamde speech hâlde sil.

Harsens derby(1223)
Somtiden binne je sa bliid om in goal dat je je holle ferlieze……….