Weppers tiisdei 31-3

Weppers moandei 30-3
30 maart 2009
Weppers tongersdei 2 april
1 april 2009

Traine (1)
It trainen fan SDS 3 jûn is fansels ek foar spilers fan de B-seleksje dy ’t jûn net mei SDS 2 mei hoefe nei ONT.

Live
De wedstryd tusken ONT 2 en SDS 2 yn De Pein is jûn “libjend” te folgjen fia de webside fan ONT (sjoch hjir). Sy hawwe op de kantine fan ONT in wepkam stean dy ’t rjochten is op it haadfjild. Wy hoopje dat wy sa de wedstryd wat folgje kinne. De wepmaster fan ONT, Sjouke Walinga, hâldt yn elts gefal in skoreboerd by wêrtroch wy sjen kinne hoe ’t it stiet. Wy tekenen foar:
ONT 2               –              SDS 2
                       
Mar it waard úteinlik 0-0. Sjoch foar it ferslach op de webside fan ONT(klik hjir).

Ynhelje
Op tiisdeitejûn 14 april mei SDS 2 op ‘e nij ynhelje. Dan wurdt namelijk it resterende stikje spile fan de wedstryd tsjin Staphorst 2. De lêste 10 minuten begjinne om 19.30.

New Castle- Chelsea
Dit wykein stiet New Castle – Chelsea op it programma. Mar leafst trije scouts fan SDS sille dêr mei de boat hinne: Jappie, Wichard en Remco. Wij binne benijd nei harren belibbenissen en mear noch nei it scoutingsrapport.

Nij famke
Als famkesteam hebben we er een nieuwe speelster bij nl. Sjoukje Bruinsma (van Enne en Greetje)
Ze heeft al enkele keren meegespeeld, en zaterdag (28/3) maakte ze haar debuut.
gr Andre

Traine (2)
Woansdei 1 april 2009 (gjin grapke!)
Mienskiplike training A- EN B-junioaren, LET OP:
19.30 oere
Dernei mienskiplik sjen nei de wedstriid Nederlân – Macedonië, 20.45 oere.
Groetnis,
Klaas
PS: Jan Rinse, wolst do Jeroen berjocht dwaan?

Rabje (12)
Nei Feite de Haan jout ek Ate-Feike de Boer oan dat hy benadere is troch FC Wommels. Tidens de kontraktûnderhannelingen is al fan alles op tafel kommen. Sa soe FC Wommels dwaande wêze mei fêste goals op de Terp, de Jimbar wurdt kantine en der komt in brûsgelegenheid rûnom it Freulebyld. Neffens Ate soe dit ek de reden wêze dat Wieger Boonstra stoppe is by Nijlân. Wy hâlde jim op de hichte.

Webside docht it wer
De webside docht it foar it grutste part wer, mar sa no en dan komme wy dochs noch wat probleemkes tsjin. mochten jim iets tsjinkomme mail it dan nei info@vv-sds.nl!

Foutsje
Om ’t de webside yn ‘e war wie koenen in soad minsken it filmke net mear sjen fan de blunderende keeper Boruc fan Polen. Leo beenhakker hat it filmke al sjoen en Boruc foar de folgende wedstryd mar fêst út de basisalve litten: