Weppers moandei 30-3

De webside wurket wer!!
30 maart 2009
Weppers tiisdei 31-3
30 maart 2009

ONT 2 – SDS 2
Moarntejûn mei SDS 2 yn De Pein om 20.00 op kuenstgers spylje tsjin ONT. Sy fertrekke om 18.20 út Easterein. De wedstryd sil “libjend” te folgjen wêze fia de webside fan ONT(sjoch
hjir).
ONT 2 en SDS 2 ûntrinne mekoar net folle yn de stân:
7. Harkemase Boys 2 17 21
8. SDS 2 16 20
9. Hardegarijp 2 17 20
10. ONT 2 15 15
11. Drachtster Boys 3 18 14
12. Zeerobben 2 18 10

Seleksje SDS 2

ONT 2 – SDS 2 Fuort 18.20 oanfang 20.00 oere:
Marten, Dennis, Feite, Sytze, Jan Simon, Syb, Eeltje, Feiko, Anne, Redmer, Hendrik, Gerrit, Hjalmar en Arjan. 
Wa at ride kin, graach de auto meinimme! 
Gr. Klaas

Traine
SDS 3 traint moarn gewoan om 20.00.

Jeugdactie
De jaarlijkse jeugdactie staat weer voor de deur. Op vrijdag  3 April a.s. kunt u jeugdleden van onze club verwachten voor de verkoop van snoep. Het geld wat hiermee verdiend wordt is uiteraard bestemd voor de jeugd, en zal worden besteedt aan de slotjûn, toernooien e.d.. Mocht u vrijdag 3 April één van onze jeugdleden aan de deur krijgen, stel ze niet teleur en koop een zakje snoep voor het goede doel. De jeugd van SDS is er erg blij mee.
De jeugdcommissie

Rabje (11)
Ôfrûne freed hienen wy it hjir oer it gerucht dat Feite de Haan efentueel fertrekke soe nei in oare klup. Feite kaam sneon út de kast mei de meidieling dat dit ynderdaad kloppet. Hjoed begjinne de gesprekken mei ……………. FC Wommels. Feite sil ús op de hichte hâlde en spilet iepen kaart. Wy hoopje foar him dat hy dat juster op it pokertoernoai net dien hat………….

Nije Treffer
It sjit alwer aardich op mei de nije Treffer. As jim wat hawwe dan wolle wy dat graach foar woansdei 1 april binnen hawwe.`

VI-kwis
De antwurden fan de Danish-Dynamite-kwis fan twa wiken werom steane noch net op de VI-side, mar gelokkich wist Skelte se allegear. No komt de VI mei in Skotse kwis. Wa herkent dizze Skotten(klik hjir). En nee, je kinne net ûnder de kilts sjen…….


Feteranen
De feteranen fan SDS 5 binne op syk nei fersterking. Sy sykje nei ien dy’t it spul wat ferdiele kin. Sy hawwe al ien op it each: