Weppers tongersdei 2 april

Weppers tiisdei 31-3
30 maart 2009
Weppers freed 3-4
2 april 2009

1 april
Nei de grap fan ferline jier (tassenregistraasjesysteem) like it ús better om dit jier op 1 april gjin weppers te pleatsen. Jim koene ris twifelje oan de wierheid fan de weppers.

Jeugdactie
De jaarlijkse jeugdactie staat weer voor de deur. Op vrijdag  3 April a.s. kunt u jeugdleden van onze club verwachten voor de verkoop van snoep. Het geld wat hiermee verdiend wordt is uiteraard bestemd voor de jeugd, en zal worden besteedt aan de slotjûn, toernooien e.d.. Mocht u vrijdag 3 April één van onze jeugdleden aan de deur krijgen, stel ze niet teleur en koop een zakje snoep voor het goede doel. De jeugd van SDS is er erg blij mee.
De jeugdcommissie


Mienskiplike training (1)

Juster trainden de A- en B-junioaren mienskiplik om 19.30 oere. Der wienen 3 B’s en 7 A’s. Wylst Lody tocht dat der safolle kamen dat it fjild te lyts wêze soe.

Want de froulju trainden ek mei in hiele grutte groep!

Nei de training soenen de A-’s en B’s mei trainers en leiders nei Ned-Mac sjen.
Miskien tochten guon dat de training en hâlden waard sûnder de wedstriid fan Nederlân en oarsom.

Wer wienen de rest fan de spilers?
Klaas


Mienskiplike training (2)

Foar Jarco en Klaas eindige de jûn oars.

Nei in ûngemak op de training waard Jarco troch Jeroen Brouwe (tank Jeroen!) thúsbrocht.

Hy kaam yn botsing mei in oare spiler en hie nogal wat pine.

We ha him foarsichtich nei hûs brocht en der û.o de skeenbeskermer fan him ôf knippe moatten.

Doe dochs mar nei it sikehûs. De foet boppe de ankel wie hiel dik en de foet stie net rjocht.

Ut de foto die bliken dat der in breuk siet fan buten nei binnen en beide bonken stikken.

It ûnderste diel (ankel wie geef) stie 5 mm nei buten. As it mei gips kin as in operaasje wurdt, dat heare we hjoed.

Lody en Ewout ek tank foar jimme hulp!
Klaas

Pokerje
Sa at jim miskien witte fûn ofrûne snein it fjirde Jimbar Poker Tournament plak. Nei in lange striid oan de pokertafel mocht Feite ‘Goudhaantje’ de Haan him úteinliks winner nimme fan dizze edysje. Sytse ‘Hibsnip’ waard twadde en Wesley ‘Snipes’ Hoitenga eindige op it tredde plak. Sjoch
hjir foar de foto’s!

Famkes
De famkes fan SDS geane jûn nei Heerenveen- AZ.

De Postma’s
Fan ús jongste bron krigen wy in nijtsje. “Henk en Mark binne út de A-seleksje setten”. ‘By neifreegjen fan de bron moat it eins wol wier wêze, want Pieter sei: “Dat sei buorfrou Alie”.

SDS 3
Nei alle rein fan de ôfrûne wike wie it fjild aardich oantaast, plaskes yn de goal en in protte drek. Persoanlik ha ik dêr net safolle muoite mei, mar foar in oantal fan ús like dat al in probleem te wêzen. De earste helte wie min fan ús kant.
It wie tefolle ‘reaktyf’ fuotbal sa’t Hiddink dat dan neamt. Heech bepaalde it tempo (en dat lei absolut net Heech), wy hobbelden der wat efteroan. Der waard bytiden mear enerzjy stoppe yn it agearen tsjin de skiedsrjochter (‘ ik bepaal hjir de wedstryd’), dan yn it fuotbaljen sels. Dat is fansels gjin goeie saak.
Mei ‘kunst en vliegwerk’ hellen we de rêst.
Nei de te en in goed petear, kaam der in oar SDS3 op it fjild. De mouwen waarden opstroopt en de beuk gong der yn. Dit yn kombinaasje mei de kwaliteiten dy’t  seker oanwêzich wienen, liede ta in oanfallend SDS, sadat de Hegemers no efter ús oan drave moasten yn stee fan oarsom.
Om’t wy de kânsen net ôfmakken (mei troch goed keeperswurk fan harren goalie, dy’t al wat in rare trui oan hie) bleaun it lang 0 – 0.
Oant de skiedsrjochter ynienen wol in hiele lading drek yn de eagen hie, doe’t 2 mannen fan Heech fan ut in  suvere bûtenspul  sitewaasje op ús goal ôfkamen. Geert (ús grins foar in diel fan de wedstryd) hie de flagge sa heech as er rikke koe, mar de man yn it giel woe it net sjen.
En sa makke Heech de winnende goal. De ferbjustering wie grut, sels it publyk dy’t it hyl goed sjen koe, wist net wat it seach…..
We ha no 5 punten foarsprong op de nûmer lêst; CVVO. De Lemsters komme noch by ús op besite.
Der wachtsje ús 4 finales, wêrfan kommende sneon de earste tsjin de Sweltsjes fan Koudum.
Groetnis, Sjoerd.

Webside yn ‘e war
De webside is noch altiten net hielendal op streek. Foto’s makke fanôf novimber dogge it net, ferslagen pleatse slagget net en ek nije logo’s fan sponsers ensfh. wol noch net. Wy hoopje dat dit gau wer ferholpen is.


Streaker
Ôfrûne freed wie de Limburgse derby tusken MVV en VVV. Mar leafst 8500 taskôgers genoaten fan in échte derby. Fansels heard dêr ek in échte streaker by:




Letter mear!