Weppers tiisdei 30-9

Weppers moandei 29-9
28 september 2008
Weppers woansdei 1-10
30 september 2008

Ôflast
Beste mensen,
Na overleg met de Skoalleseize mag er dinsdag 30 september niet getraind worden op de velden.
Alle trainingen zijn afgelast.
gr. Andre Vink

Ôflast(2)
Ek de oefenwedstryd fan SDS 2 yn en tsjin Balk is ôflast.

SDS 1 oefent
SDS 1 sil jûn oefenje yn de Lemmer tsjin CVVO 1 om 19.30. Sy fertrekke om 18.15 út Easterein.

Kenners

In moaie foto fan it SDS geweten /kenners”, dat mailt en skriuwt Nijlân supporter Lolke Woudstra ús.
Hij hat gelyk, dit is de Bunniksite en dêr witte se it altyd better. Wat ús foaral opfalt is dat no ek froulju talitten wurde ta dit elite plakje.Wie it leuk Anneke?

Fûnen spul
gevonden voorwerpen: zaterdag 4 oktober a.s. van 09.00 – 14.00 uur is de laatste dag om verloren kledingstukken o.a. trainingsjasjes en -broeken terug te krijgen.
Daarna worden de overgebleven stukken
ingeleverd bij een kledingdepot van het Leger des Heils of Dorcas.

Coachjassen
Vanaf heden zijn er weer coachjassen( alleen maat XL ) beschikbaar voor leiders en trainers.
Voor meer informatie: W. Twijnstra, De Ljits 1, 8734 HL Easterein, telefoon 0515-332570, e-mail:w.twijnstra@home.nl.
  

Nederlânsk kampioen.
Yn Ljouwert hiene se dit wykein it kampioenskip “winkelweintsje ride”. Je snappe net dat soks betocht wurdt. Nee, dan yn Easterein, dêr hiene se it kampioenskip BH smiten. Wij witte net at Tjeerd Dijkstra yn training west hat mar hij wûn bij de mannen. In aardich jierdeiskado dit
NK foar him.

Fiskje
Op dy selde foto, wêr’t Tjeerd mei de gouden (lege) BH stiet, stiet ek Klaas Kamstra. Dat hij sa goed fiskje kin, dat is moai. Noch moaier is dat dizze doelman fan SDS 5 dat sneons net te folle sjen lit.

Jierdei
De slingers fan de famylje Dijkstra ta gelegenheid fan Tjeerd syn jierdei hingje hjoed bij sweager Ype. Ek hij fiert syn jierdei en ek hij is om en bij 45 jier wurden.

SDS League
Wy binne drok dwaande om de teams foar de SDS League yn de komputer te setten. Wy hoopje tongersdei mei de earste tuskenstân te kommen. Sa ’t it no stiet dogge der sa ’n 80 teams mei.

Yngoai
SDS 3 kryg sneon 6 goals om de earen. By de earste goal gie de keeper net hielendal frijút. Hy gie sa(klik
hjir).

Sjurtsjes
It gie sneon net hielendal goed mei de sjurtsjes by SDS B1. By it útdielen fan de nûmers kamen de spilers der efter dat der gjin nûmers efterop de sjurts stienen. Leider Hendrik de Jong hie per ûngelok de yndraafsjurts fan SDS 1 meinaam ynstee fan de sjurts fan B1. “Sorbo is uw hulp in huis”, mar dus dúdlik net yn de boks……………

JPT 3
Ôfrûne snein waard foar de 3e kear it JPT holden. Jelmer Posthumus waard de úteinlike winner. Sjoch hjir foar de foto’s.

Jelmer Posthumus Maximus is wiis mei syn priis!

Materazzi
Materazzi krige yn de derby tusken AC en Inter Milan wer ris in reade kaart. Meastentiids is der dan ek ien swier rekke. Yn dit gefal ris in kear net fysyk……….