Weppers moandei 29-9

Weppers snein 28-9
27 september 2008
Weppers tiisdei 30-9
29 september 2008

Skoarende froulju yn byld

Henk Bootsma seach sneontemiddei ek efkes om it hoekje bij de froulju en hij naam samar efkes in doelpunt mei op in foto.

Oefenje
SDS 2 oefent tiisdeitejûn tsjin Balk 2. Sy spylje yn Balk om 20.00 en geane om 18.45 fuort.

Geert
Wa kin Geert Hiemstra net? De man mei it oansteklik praat. Hij seit wolris wat, wêrfan je letter tinke haw ik dat goed heard. Soe hij dat miene. Ek sneon yn de kantine neidat hij sjoen hie dat SDS 1 wûn hie en heard hie dat SDS 5 ek wûn hie, wist hij it wer moai te fertellen. It kaam der op del dat at hij woe, hij soan Auke sa út de basis fan SDS 5 spile, hij mear doelpunten skoare soe as Harm Auke en Ype tegearre, hij Floris út de basis fan SDS 1 spylje soe en hij foar 15 assisten yn it jier stiet en dat hij it yn de earste klasse ek noch wol oan koe. Hij hat it allegear sein en it stiet op dit filmke. Wij hawwe it lûd der mar efkes ôfhelle, mar at jim wat liplêze kinne dan is it maklik te folgen.  Sjoch nei de 36 sekonden fan Geert.

De bank
It wie mar goed dat sy sneon by NOK like grutte dug-outs hienen as by SDS, want oars hie it net past.


Ferslagen
Der binne wer in bult ferslagen makke fan de wedstriden fan ôfrûne sneon. Klik hjir om se te lêzen. Ek dy fan SDS 1 en A1 steane der no by.

Yn it sirkus
De topskoorder(of is it topskoorster) fan de froulju fan SDS, Joutsen Okkema, kin ek sa yn it sirkus:

Kreamkes
Wij foarspelden ferkeapaktiviteiten op tongersdeitejûn. Dat rôp in reaksje op bij Amarins de Haan:
Ik sjoch dat der hiel wat kommersjele talinten by SDS sitte!
Mochst no op tongersdei útferkocht wêze en de handel rint net mear sa bot:
Op freed 12 desimber hawwe we WinterWille op de Foarbuorren.
Der binne noch wol wat kreamkes oer!
Foar mear ynformaasje of it boeken fan in plakje kinsto kontakt opnimme mei Amarins de Haan
amarinsdehaan@hotmail.com
Groetnis fan it WinterWille team

Doelpuntenmakkers
Wa skoort bij de senioren? Tinke jim dat Gearard wer de measten makke hat? Of tippe jim Harm Auke. Of hat it oanstoarmend talint Johnny de kop oernommen? Jim kinne it
hjir sjen.

SDS – Nijland-pool
Net ien bie ôfrûne sneon de útslach by SDS 1 – Nijland 1 goed foarsein, al siet Ate Feike de Boer der net fier nêst:
Halftime:  0-0
Eindstand 1-2
Geflatteerd en luizig, 1-2 is penalty..
ate

Fjild kapot
By SDS ride inkelde jierren werom in fandaal mei syn auto oer it haadfjild. By vv Tzum riden der it wykein 2 oer it trainingsfjild(klik hjir).

Goaltsjesdief
In spits dy ’t in soad goals makket nimme wy ek wol in goaltsjesdief. Dizze spits hoeft net in soad goals te meitsjen om sa sjoen te wurden(klik hjir).