Weppers tiisdei 24-2

Erwin Zeinstra 13 maart op SDS-sponserjûn!
23 februari 2015
Weppers woansdei 25-2
24 februari 2015

Krokuscup
Moarn is de earste Krokuscup op it MFT yn Easterein. SDS D spilers sille stride yn 4 tsjin 4 wedstriden mei in plofbal. It begjint om 13.30 oere.

Keepersdei

Anne Bootsma en Tiemen Bergmans binne hjoed yn Haren. Sij dogge mei oan de Frans Hoek keepersdei. Sa te sjen hawwe se der echt sin oan.

SDS’ers derop út: Christiaan!
Christiaan Plantinga hat ús wer in kreas stik maild oer syn befiningen yn Vietnam. Jim kinne it lêze yn de kommende Treffer!

Ut de âlde Treffer

Yn 1977 wie der jierliks in bazar, at wij de Treffer fan 1977 leauwe meie. Dat levere wol in moai bedrach op foar de klup.

Yn de nije Treffer
Mochten jim noch wat foar de nije Treffer hawwe dan soenen wy it fraach foar sneon binnen krije op DeTreffer@vv-sds.nl.

Gjin kaart
Neffens de goed ynformearre  Lolke Hofstra wiene Drees en Hilda Haitsma sneon lokkige minsken. Nijland- SDS op it programma en gjin kaarten foar soanleaf Erik en soanleaf Jacob.
Want neffens de altyd goed betroubere Lolke sponserden sij noch altiten de gefolgen fan in giele kaart.
In oantal Nijland spilers behearse de dubieuze kwaliteit fan it “bloed ûnder de nagels wei helje bij in Haitsma” en dat resultearret frijwol altiten yn in oanslach op de “sponserpot” fan Drees en Hilda. Mar dizze sneon net. Erik stie oan de kant mei in skorsing en Jacob siet oan de kant mei net in fitte lea.
De lêste 10 minuten waard it noch efkes spannend. Jacob waard ynbrocht om mei syn routine de wedstriid mei op slot te setten en iit duorre net lang of der wie wat trelit. Nee, Jacob bliuw út de buert want hij woe dizze Nijland-SDS sûnder kaart ôfslúte.

Gelok en dochs dûbel pech………
Lolke Hofstra hie sneon gelok. Hy helle ien lot foar in euro by it Draaiend Rêd yn Nijlân.
Dit lot krige der:

Hie hy efkes gelok, want my dizze lotsjes hie hy fansels twa foar de priis fan ien:

Spitich dat dêrnei de prizen foelen op: 20, 62 en 92.
Dat nimme wy 3-dûbel-pech……

Harsens derby (1441)
Dit sil net in hattrick wurde…………