Erwin Zeinstra 13 maart op SDS-sponserjûn!

Weppers moandei 23-2
23 februari 2015
Weppers tiisdei 24-2
24 februari 2015

Op freed 13 maart sil Erwin Zeinstra sprekken komme op de SDS-sponserjûn. Erwin Zeinstra is assistent-skiedsrjochter en eltse wike te bewonderjen yn de Eredivisie en geregeld yn de Champions- of Europa League. Hy is assistent fan ferneamd skiedsrjochter Björn Kuipers. It ôfrûne jier stienen sy ûnder oare op it WK yn Brazilië en mochten sy de Champions League-finale tusken  Real Madrid en Atletico Madrid yn Lissabon yn goeie banen leide. Foar in pear wiken werom draafde hy noch lans de line by dé derby SC Cambuur – SC Heerenveen.

Erwin Zeinstra foar de Champions-League-finale(lofts)


De sponserjûn fan SDS is dit jier net allinnich foar stipers fan SDS en Freonen fan SDS, mar ek foar leden fan de ûndernimmers feriening Wommels/Easterein(OVWE). Op dizze jûn sil Erwin Zeinstra sprekke en ek mei bylden sjen litte hoe der b.f. yn it fjild kommunniseard wurdt tusken de skiedsrjochters en syn assistenten. SC Cambuur – SC Heerenveen, de Champions League-finale en it WK sille ek oan bod komme.

Dêrneist sil de keunstgerskommisje fan SDS útlis jaan oer harren plan fan oanpak oangeande it jild genereren foar de klaaiboksen, it fergrutsjen fan it B-fjild en it nije keunstgersfjild. De jûn begjint om 19.30 oere mei in bakje kofje mei gebak en yn de pauze en nei de tiid kin der genoten wurde fan in hapke en in snapke. De útnoegingen foar de sponsers, Freonen fan SDS en de leden fan it OVWE geane dizze wike op de bus.


De sponser- en keunsgerskommisje