Weppers tiisdei 21-6

Weppers moandei 20-6
20 juni 2011
Weppers woansdei 22-6
21 juni 2011

Spesjale oanbieding
Foar wa ’t ta is oan in nije tas, trainingsjas of SDS-sokken hat SDS in spesjale oanbieding. Sjoch hjir mar ris.

Fakansje trochjaan
V
oor wie het nog niet gedaan heeft van de b-selektie.
Graag zsm je vakantieplanning doorgeven aan mij. Dit alvast
voor de voorbereiding voor het nieuwe seizoen.
Email: is jessjoh@home.nl
Bvd
Johan

Remco Bervoets by CL-finale
Hjir komme wy dan eindelijk mei it bewiis dat Remco Bervoets net foar neat net by SDS-SDS’55 wie, mar écht by de Champions-League-finale op Wembley siet. Sa te sjen hie hy net in gek plak. De kommende tiid kinne jim hjir noch wolris in filmke fan him ferwachtsje.

Transfernijs(6)
Der sille wer hiel wat “tranfer”berjochten ferskine de kommende wiken. Meastal is mear as de helt net wier. Hjoed kinne wij melde dat
-PSV Mertens en Strootman wol
-AS Roma Strootman ek wol hawwe wol
-Spartak Moskou no Bakkal wol
-Falcao nei Chelsea kin
-Rubin Kazan El Hamdaoui hawwe mei
-Ajax Teteh Bangura van AIK wol wat liket

WK moandei 20 juny 2011

Sa nei de feesten in WK-edysje wêr ’t je je net ferskûlje koenen. It wie 5 tsjin 5 en dan moat eltsenien skerp wêze. Dit kear gjin froulju of Posthumussen, mar gewoan sûnder skinebonkbeskermers der fol ynkletse. 20.00 wie eltsenien der en koenen wy (as) lyk(en) los:
Wat foel der op by de spilers?
-Johan P. is neat sûnder syn “pieltsje”.
-Eeltsje mooglik de twadde Postma is yn de A-seleksje?
-Jan Mulder neat ûnder docht foar syn nammegenoat op tillevysje yn syn goeie jierren by Anderlecht.
-Bram mear sicht hat mei bril.  
-Hendrik E. fynt it WK in goeie tarieding op Gêrspop.
-Willem likefolle goals makket as panna’s om de earen krijt……
-Jacob von W. it leafst mei rjochts de bal de goal ynskoot.
-Ate F. syn passes hieltiten better oankomme.
-Paolo in “geil” sjurt oan hie en dit begrypt no hy wit dat “geil” Frysk is foar “geel”………
-Elger likefolle panna’s jout as goals om de earen krijt.
Wat foel der op by de taskôgers?
-Arjen P. seach ta sûnder skinebonkbeskermers, “H” en tredde stjêr…….
-Henk Postma syn wrâld is mei de feesten omkeard. Hy sparret him no foar SDS ynstee fan it WK.
-Drees Haitsma seach as Erik der ek wie.
-Eeltsje hat syn lûde stim fan syn heit.

-Chris Postma seach dat Mark op ‘e nij net meidie.
Team Donker en Oranje:

Hendrik E., Willem, Eeltsje, Johan P. en Jan M.

Team Gekleurd:

Ate Feike, Paolo, Jacob von W. Bram en Elger.
Team Gekleurd pakte nei in 1-0 efterstân al gau it heft oer en stie samar mei 4-1 foar. Nei in flinke ynhelslach kaam team Donker/Oranje dochs werom oan ’t 6-6 en waard besletten om mar om de winnende goal te fuotbaljen. Elger koe doe net foarkomme dat de spits fan Donker/Oranje de winnende goal makke krekt yn it hoekje wat Elger de hiele jûn al frij litten hie, mar der binne fansels “Elgere” dingen…………………….
WW


Harsens derby (500)
Foar wa ’t tinkt dat der yn de jierren 70 noch gjin schwalbes bestienen dy hat it mis: