Weppers moandei 20-6

Weppers snein 19-6
19 juni 2011
Weppers tiisdei 21-6
21 juni 2011

Nije kompetysje-yndieling
De KNVB hat hjoed de kompetysje-yndielingen bekend makke fan de standaardteams. Foar SDS 1 sjocht de kompetysje yn de 2e-Klasse I der sa út:

Balk 1
BCV 1
Be Quick D 1
Broekster Boys 1
Heerenveense Boys 1
Minnertsga 1
ONR 1
ONT 1
SC Berlikum 1
SC Veenwouden 1
SDS 1
’t Fean’58 1
VEV’67 1
VVI 1
Allegear Fryske ploegen dus útsein VEV’67 út Leek en ONR út Roden.
Sjoch hjir foar de rest fan de kompetysje yndielingen foar standaardteams.

Rabje
De seleksjes fan de senioaren binne (ús) noch net bekend. Dochs hawwe wy it wykein wat nijtsjes opfongen út ûnbetroubere bronnen. Sa soe der kommend seizoen in “ouwe seun” fan Zeerobben by SDS fuotbaljen komme en sitte der ûndanks dat Mark Postma stoppe is by SDS 1 dochs 2 Postma’s yn de A-seleksje. Wy binne benijd wat hjir fan kloppet.

Korrupt
Hoesa de FIFA is korrupt?
Corrupte FIFA


Programma Eredivisie 2011-2012
Wy hawwe it konseptpogramma fan de Eerdivisie foar kommend seizoen alfêst op de kop tikje kinnen(klik
hjir).

Transfernijs(5)
Der sille wer hiel wat “tranfer”berjochten ferskine de kommende wiken. Meastal is mear as de helt net wier. Hjoed kinne wij melde dat
-Janko fan Twente nei Italië kin
-PSV Anthony Ujah fan Brondby hawwe wol
-Ruiz ek by Twente fuort wol
-Adriaanse moarn by Twente tekenje sil
-Roorda noch net seker wit as hy by Heerenveen bliuwe wol…….

WK
Jûn wer it Wommelser Kampioenskip.
It begjint om 20.00 op it skopfjild fan Wommels.

Harsens derby (499)

Sokke doelpunten sjogge je net sa faak: