Weppers woansdei 22-6

Weppers tiisdei 21-6
21 juni 2011
Weppers tongersdei 23-6
22 juni 2011

1986
It is al wer 25 jier dat SDS 3 it seizoen ôfslute woe yn Balk. Moai om te sjen welke stjerren doe aktyf wiene yn it fjild en oan de bar.
It reiske fan SDS 3

Sjurtsjes
Earst wie it sc Hearrenfean dat op é rin gie mei in Ajax sjurtsje. Fans poerrazend en ek Ajax net bliid. No binne de Ajaxfans wer
net bliid. No oer harren eigen sjurtsje. It is ek nea goed. HOewol wij dat fan dy strepen wol begripe.

Drok
Jan Mulders hawwe it ornaris drok. Ek dy út Waaksens. Moandei op it WK-fjild yn Wommels en foar hjoed wurdt hij al wer útnoege om yn it lân tusken Boalsert en Wommels te ferskinen.

Remco Bervoets by CL-finale(3)
Wy hienen miskien dochs ek wol nei dy Champions League finale wollen. Yn de kantine seach it der hiel oars út(klik
hjir).

Transfernijs(7)
Der sille wer hiel wat “tranfer”berjochten ferskine de kommende wiken. Meastal is mear as de helt net wier. Hjoed kinne wij melde dat
-FC Twente Grygera helje wol
-Paris Saint Germain Eto’o wol hawwe wol
-Real Madrid it Braziliaantsje Neymar helle hat
-………………..

Harsens derby (501)
Ek yn de jierren 80 kamen der schwalbes foar. Sjoch hjir Francisco Buyo fan Real Madrid en Paolo Futre fan Atletico Madrid. Wat moat je hjir no mei as skiedsrjochter?


Sa miskien wol mear en oars moarn!