Weppers moandei 20-4

Weppers snein 19-4
19 april 2015
Weppers tiisdei 21-4
20 april 2015

De SDS-keunstgerslotten

Wa ’t syn 10 m2’s keunstgers ferkocht hat mei it jild bringe, mar kin it jild ek stoarte op rekkennûmer: NL83RABO0301290067
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes yn by;
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein
Graach foar 30 april!

Komplimenten
Dit wykein wienen der wer ferskeidene broerkes dy ’t by de keunstgerskommisje oanklopten om ’t sy 20 lotten ferkocht hawwe. Ús komplimenten by dizze foar Jesse en Sybren de Vries en Wessel en Jente Schraa.

Fuotbaldei
Op moandei 4 maaie, dat is yn de maaiefakânsje is der yn Skearnegoutum in fuotbaldei. Ek net-leden fan fuotbalklup Scharnegoutum kinne mei dwaan. Sjoch
hjir

Programma dizze wike
Under de KNVB button sit dit thúsprogramma fan dizze wike. Wij hawwe begrepen dat de froulju’swedstriid SDS Vr1 – Dronrijp Vr2 net woansdei is mar hjoed en dat it net yn Easterein spile wurdt mar yn Dronryp.

Noch net yn Wommels
No ’t der in wike letter in begjin makke wurdt mei it oanpakken fan it B-fjild hoecht der noch net yn Wommels fuotballe te wurden. Kommende sneon dus noch in moai folledich programma yn Easterein.

Fan herte lokwinske!
Jan-Simon Jelsma krige fan syn Anneke kaartsjes foar PSV – SC Heerenveen op ‘e jierdei en PSV jûch him ek noch de kampioensskaal op de jierdei. Wy tinke dat Jan-Simon yn jierren net sa ’n moaie jierdei hân hat. Noch fan herte lokwinske!

Alert!
Allert Turksma wie juster aardich alert doe ’t hy foar de tillevysje Feyenoord – Dordrecht siet. Hy seach namelijk in ús wol bekende wepmaster sitten.

It liket wol of sit de wepmaster krekt by look-a-likes fan Tiede van der Velde en Jan-Friso Bruinsma, mar hy wie der mei skoansoan Jelmer.

Harsens derby (1483)
“Toet, tooooeeeeet”!