Weppers moandei 19-4

Weppers snein 18-4
17 april 2010
Weppers tiisdei 20-4
19 april 2010

45+toernoai
Jelle de Boer hat him opjûn as kontaktpersoan foar it “7×7=45+”-toernoai op freed 28 maaie. Wa ’t ek 45+ is en graach meidwaan wol kin him melde by Jelle(klik hjir).
Sjoch hjir om alles te witten te kommen oer dit toernoai.

Programma
Ek dizze wike is it wer ynhelje foar sommige ploegen. Tiisdei giet it los mei Da2. Sij krije Hardegarijp Da2 op besite. It begjint om 18.30 oere. 

Aksjefoto

Nei it wykein sjogge wij noch efkes op it wykein werom oan de hân fan de foto’s dy’t wij sa no en dan meitsje. En sa kamen wij dizze akjes foto ek noch tsjin fan in spiler fan E3, dy’t krekt op doel knalt hat,  yn de wedstriid tsjin ONS

SMS

Hjir freget Durk Okkema (SDS 5) yn de kantine fan Foarút oan Wytze Lanting (SDS A1) hoe’t je sms-se kinne sûnder dat dy ferrekte webmaster it sjocht. Wierskynlik hat Wytze goeie rie jûn want fierder as in foto mei de hân op it tastel kamen wij net, wylst Durk ús dochs de einstân fan Heerenveense Boys-Nijlân trochjaan koe. 

Favoryt

It sil net lang mear duorje dan slach de WK koarts wer ta. Wij fregen sneon yn de kantine in kenner wa’t har favoryt wie. Anouk Delfsma wiisde sûnder twifel nei….oranje.

Net 6 mar 3
Sa sjogge je mar wer. Ferkearde berjochten jouwe samar in ferkeard byld. Hiene wij noch fernommen dat der 6 A-s wiene, dy’t meidiene bij Foaút 3 tsjin SDS 5, dan liket dat net wier te wêzen. Piet Schaaf fan Foarút jout oan dat it oars siet:
Bij Foarut wiene it gjin 6 A spilers mar 2 A spilers en in B junior.
In pear fan us spilers lykje miskien wat jonger mar dienen de hiele wedstriid , en ik de kompetisje al mei ús mei.

Op syk
Wij hawwe it rêstich
oan dien mei de weppers dit wykein. Dat komt mei namme troch Kaptein Damhoutsje. Wij krigen fan Stoffel in krease CD mei de titel Help Kaptein Damhoutsje en wij hawwe kaptein Damhoutsje holpen syn skip te finen.

Blyn?
Lytse Pieter hie foardat de samenvatting fan PSV – FC Groningen justerjûn by Studio Sport begie der net folle fertrouen yn dat FC Groningen fan PSV winne soe. “Heit, de kommentator seit: De verdedigers van FC Groningen zijn Blind,……”

Foeilelijke sjurts (27)
Miskien is dit yn de takomst nochris wat foar VV Easterlittens:

Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Harsens derby (196)
Dizze spiler wol syn doelpunt graach mei it publyk fiere. De supporter tinkt der allinnich hiel oars oar….