Weppers tiisdei 20-10

Weppers moandei 19-10
19 oktober 2009
Weppers woansdei 21-10
20 oktober 2009

Ruilmiddei
Kommende woansdeitemiddei 21 oktober is de earste ruilmiddei foar fuotbalplaatsjes. Fan 15.00 oant 17.00 oere yn de kantine fan SDS.

Keepersmiddei
Foar keepers is der woansdeitemiddei ek in bijsûndere oangelegenheid. De keepersdei fan keepersscholen.nl yn Balk. Sjoch
hjir foar de regionale dei yn Balk.

Búkskower

Ferline wike seagen wij Maradona mei in prachtige búkskouwer nei de 2-1 oerwinning. In goeie wike lyn mocht Nynke de Boer fan Da1 op de Terp fan Wommels ek sa’n skower meitsje. 
 Anke skriuwt:

Nynke de Boer hie sneon foar in wike har frijgesellefeessie.
Hjir wiene ek in oantal froulje fan har fuotbalteam by.
Yn
bijlage foto’s fan it bukglydzen op de sjippebaan op de Terp, in grutte winsk fan Nynke al sunt jierren.
Nynke moest yn elk gefal 3 mannen regelje dy’t mei har oer de sjippebaan glydzje woene.
Earst kaam trainer Tsjipke langs, hy moast balje, mar woe Nynke wol efkes helpe.
Efkes letter kamen ek de gebroeders Wagenaar langs, ek sy moasten balje, mar ek sy makken tiid foar Nynke.
Al mei al hat se yn 10 minuten tiid 5 mannen oerhelje kind!

Yn de tún
 
De lieder fan SDS 5, Eddy de Boer, moast freed al wer al syn manskippen ôfsizze. Se koene allegear wer in oare hobby útsykje. Sels siket hij it dan yn de grûn. Min foar de bealch, mar goed foar Pep. Stoffel spruts him moed yn en makke dizze foto.

Meilibjen
Fan Immie Kamstra kaam noch in meilibjend meeltsje binnen nei de 5de ôflassing fan SDS 5.
Net te leauwen!!!!
We meie wol in ferfangende sport foar SDS 5 sykje.
Klaverjasse, tafelfuotbal, damme, skake ……
No is ’t noch reedlik waar, straks wurdt it ôflast om ’t it winter is of te wiet…
It is kloate.
Sterkte.
Gr. Immie

Ek Jacob Plantuinga drukte it gefoel wer koart en kearneftich út:
 
WAT EEN DRAMA!!!!!!

Doelpunt!
Wij kinne der fansels net ûnderút om noch efkes te sjen nei it meast frjemde doelpunt fan de lêste jierren: Sunderland – Liverpool mei de beslissende 1-0. De skiedsrjochter hat foar it kommend wykein in wedstryd op in leech nivo tawezen krigen, want it doelpunt hie ôfkeurd wurde moatten.