Weppers woansdei 21-10

Weppers tiisdei 20-10
19 oktober 2009
Weppers tongersdei
21 oktober 2009

SDS 1 oefent
Jûn oefent SDS 1 tsjin haadklasser sc Joure. Sij geane om 18.30 oere fuort. Wij krigen de folgende seleksje fan Dick troch:
Marten, Erik, Jacob Klaas, Arjan, Feiko,  Redmar, Tsjipke, Freek, Skelte, Tsjalling, Dirk Yde, Jaap, Anne, Feite ,Jacob van Wieren, René en Anne

Plaatsjes ruilje

Fanne middei om 15.00 oere is der foar jong en âld gelegenheid om fuotbalplaatsjes te ruiljen. De kantine fan SDS is oant 17.00 oere de ruilbeurs.

Traine
De measte E en F teams traine dizze wike net. Dat jildt net foar SDS E1. Sij steane der moai foar yn de kompetysje en wolle dat graach sa hâlde. Fannemiddei om 14.00 oere traine se al efkes. Dêrnei kinne se moai nei de ruilbeurs.

Sealfuotbal
SDS seal 2 moat jûn balje yn Easterein. Om 20.30 stiet Exstador 2 op it programma.

Jierdei
Hij studeart yn Grins, hij fuotballet no bij SDS 4 , hij is gek op kebab  en hij is juster 25 wurden. Gerlof Jan
Hofstra lokwinske.

Doelpunt
Bij SDS 6 skoarde Bram Strubbe sneon it ienige doelpunt. De doelpunten fan SDS 3 hawwe wij noch altiten net trochkrigen. Of hoege wij dy net op te nimmen yn de list?

Letter mear