Weppers tiisdei 2-2

Weppers moandei 1-2
1 februari 2010
Weppers woansdei 3-2
2 februari 2010

SDS 1 oefent jûn net
Snits 2 giet net troch.
We trene jun ek net. Fjild te wiit en de diken fermoedelijk te gled. De mantsjes moatte de site mar wat yn ‘e gaten halde foar it programma de kommende dagen. 
Tongersdei: trene of spinne
Sneon. Comp. of oefenje?
Skaad wedstryd om 12.15 oere yn Tjalbert tsjin Delfstrahúzen
groet
Dick

SDS League
De earste 10 teams foar de SDS League binne alwer ynlevere dus dat giet kreas. Jim kinne it ynskriuwformulier
hjir fine en graach ynleverje foar kommend sneon 19.00.
Fansels begjint eltsenien wer mei 0 punten en hat eltsenien like folle kânsen op in priis.
Wanderson soe wakker nei Feyenoord, mar de direksje stuts hjir in stokje foar. Wy hawwe him dus mar fan de SDS-League-list ôfhelle en de ferfanger, Schet, der no mar delsetten.

Programma sneon 6-2
Kommende sneon is der in regulier programma foar senioren en junioren. It is fansels ôfwachtsjen hoe’t it no wer komt mar de ûndersteande alvetallen moatte der rekken mei hâlde dat it net alhiel útslúten is dat se sneon oantrede moatte.

14:30 SDS 1 – VC Trynwalden 1
12:30 SDS 3 – VVI 2
14:30 SDS 6 – Foarut 4
10:20 SDS B1 – IJVC B1
11:10 SDS C2 – Mulier C2
09:00 SDS D1 – VC Trynwalden D1
12:00 Blauw Wit ’34 2 – SDS 2
12:00 Dronrijp A1 – SDS A1
14:00 Foarut 3 – SDS 5
12:30 RES C1 – SDS C1
14:30 Zeerobben 3 – SDS 4

Programma SDS 2 dizze wike
*Tiisdei squashe yn Snits, 18.15 fertrekke fanút Easterein. Allegearre efkes 5 euro meinimme.
*Tongersdei oefenje tsjin Leeuwarder Zwaluwen??
Of traine om 19.00 oere
*Sneon competitie Blauw-Wit 2 – SDS 2
Skaadwedstrijd Top ’63 1 – SDS 2

Klaas

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
Woansdeitejûn spylje sawol SDS 1 as 2 wer thús yn sporthal De Greidhoeke. SDS 1 spilet om 20.30 tsjin Haskerland 1 en SDS 2 om 21.30 tsjin Bolswardia 3.

Kompetysje-yndielingen jeugd
Wy binne tige benijd nei de nije kompetysje-yndielingen foar de jeugd. De KNVB hat dizze spitich genôch noch net klear.

Harsens derby (127)
Dizze wike sil it fuotbaljen op it fjild noch wol neat wurde. Wy hâlde it dan ek noch mar efkes by sealfuotbaljen. Falcao út Brazilië wurdt sjoen as ien fan de beste sealfuotballers ea. As je dy tsjinoer je hawwe dan moatte je aardich de kop derby hâlde. En dan noch…….. Genietsje mei nammen fan de goal nei 23 sekonden yn dit filmke: