Weppers moandei 1-2

Weppers sneon 30-1
29 januari 2010
Weppers tiisdei 2-2
1 februari 2010

Gjin trainen
SDS A1 hat jûn gjin trainen.
Floris


B1 ek net

Mannen, 
Trochdat Lodi hjoed de hiele dei bij Almere fêst sit, kinne wy net traine. Woansdei geanne wy fitnesse in Ljouwert.
Sjoch hjirfoar yn jimme mailbox. Ik haw nog wol riders nedig.
Jaap

SDS League
De earste 8 teams foar de SDS League binne alwer ynlevere dus dat giet kreas. Jim kinne it ynskriuwformulier
hjir fine en graach ynleverje foar kommend sneon 19.00.
Daley Blind stiet ynmiddels by FC Groningen en Kees Luijkx by ADO Den Haag.

Nije trainer
Om ’t Klaas Okkema nei dit seizoen stoppet as trainer fan SDS 2 moast SDS op syk nei in nije trainer. Sy hawwe ynmiddels al in nije trainer fûn. Johan Faber út Wytmarsum sil kommend seizoen foar de B-seleksje stean. Hy traint no CVVO 2 en hat dêrfoar trainer west by Mulier.

Oefenje
SDS 1 sil moarn op ‘e nij probearje te oefenjen op kuenstgêrs. Sy sille dat dwaan yn Snits tsjin VV Sneek/WitZwart 2.

SDS 2
SDS 2 hat ôfrûne sneon yn Warkum yn de seal oan it fuotbaljen west mei TOP ’63. Dit wie in grut súkses. Mar leafst 18 SDS’ers dienen mei. Tiisdeitejûn is de animo wat minder. In man as 10 sil dan te squashen sa ’t it no stiet.

Net skowe!
Ôfrûne sneon soe SDS 1 oefenje op it kuenstgers fan ONT. Dêr lei snie op fansels, dus koe der net fuotballe wurde. It fjild soe moarns frij makke wurde fan snie troch Freddy, mar troch inkelde reaksjes yn it gastenboek fan ONT seach hy hjir fanôf:

Geplaatst door: freddy (30-01-2010 10:28)
we kenne wol wer even snieskowe, mien hannen ken ik wol bruke
Geplaatst door: freddy (30-01-2010 10:47)
ik wol wol helpe mar ik ha net een snieskower
wa sient kin ik even liene don??
Geplaatst door: Snotleppel (30-01-2010 11:15
@ Freddie, net dwaan juh, dat snieskowen hat gjin sin. Kin de mannen moai in middei frij.
Geplaatst door: Ben Spork (30-01-2010 11:42
At je begjinne te snieskowen skowst al it rubber der mei ôf!


Nick en Dennis?
Ôfrûne sneon yn de sporthal fan Workum krige mei nammen Dennis Dijkstra aardich oandacht fan jonge fans. Sy doarden him krekt net om in handtekening te freegjen of mei him op ‘e foto te gean. De Warkummer bakfiskjes tochten allegear dat Dennis de helte fan it Volendammer duo Nick & Simon (ek wol Pick en Piemel) wie.
 028.JPG 
Ynderdaad! Sy lykje op elkoar as 2 druppels wetter…………mei hop en mout ja…..

Harsens derby (126)
Spanje waard dit wykein Europeesk kampioen sealfuotbaljen troch yn de finale Portugal te ferslaan. It hie net folle skeeld of Spanje wie yn de kwartfinales al útskeakele troch Ruslân. De wedstryd eindige lyk en der moasten penaltys naam wurde. It stie 4-4 en Spanje makke de winnende. Dat tocht tenminste eltsenien útsein de skiedsrjochter. De skeids tocht dat de bal tsjin de latte kaam wie en keurde de goal ôf. Nettsjinsteande dat de penalty dêrnei op de skermen yn betreffende sporthal te sjen wie en eltsenien seach dat it in goal wie bleaun de skeids by syn stânpunt. Úteinlik wûn Spanje lokkich genôch dochs noch: