Weppers woansdei 3-2

Weppers tiisdei 2-2
1 februari 2010
Doch mei oan de SDS-League!
4 februari 2010

SDS 2 siket it hegerop
Mannen fan it twadde,
Tongersdei te jun geane we nei hegere sfearen….gjin tiid foar mietjes. It giet oan!!
We geane om 19.00 fuort ut Easterein en om 19.30 kinne los yn de Stolp te Snits.  
De hiele B-selectie is ferplicht te kommen, ek foar de blessure gefallen.
Meinimme: Broek tot oer de knibbels en sportskuon. De kosten binne 10 euries p.p.
Binne der spilers die net meidwaan kinne of net doare dan binne der noch genoch oare activiteiten te dwaan.
We meitsje der efkes in gesellich juntsje fan!! 
Klaas

En dan seker wa ’t it earst ûnder is……….


SDS League
De earste 12 teams foar de SDS League binne alwer ynlevere. Jim kinne it ynskriuwformulier
hjir fine en graach ynleverje foar kommend sneon 19.00.
Fansels begjint eltsenien wer mei 0 punten en hat eltsenien like folle kânsen op in priis.
Opfallend is dat fan de 12 minsken dy ’t in team ynlevere hat der 4 binne dy ’t de earste helte net meidienen. Yn de earste helte dienen der 86 mei, dus sitte wy no al op 90 foar de twadde helte.
As der 8 binne dy ’t al meidienen en him no al ynlevere hawwe betekent dat ek dat der 81 binne dy ’t harren nije team noch net ynlevere hawwe. Of soenen dy net ien spiler wisselje wolle?

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
Jûn spylje sawol SDS 1 as 2 wer thús yn sporthal De Greidhoeke. SDS 1 spilet om 20.30 tsjin Haskerland 1 en SDS 2 om 21.30 tsjin Bolswardia 3.
SDS 1 moat it jûn noch dwaan sûnder Ruurd en Peter. Ek stiet Jaap net op ‘e goal y.f.m. syn earmtakke. De folgende minsken sille jûn fuotbalje: Jan-Simon(keept), Feite, Tsjipke, Tseard, Freek, Jaap en Willem.

Gjin trainen foar de froulju
It trainen fan de froulju giet jûn net troch.
Der sit noch tefolle iis yn ‘e grûn.
Remco

Ek gjin trainen foar de A’s
Lody belle my dat it trainen fan de A’s jûn net troch giet……..
Floris

Klaverjasse
De akiviteitenkommisje krijt de smaak te pakken. Sij kinne harren goed op de kaart sette dizze winter. Kommende sneon 6 febrewaris rekkenje sij wer op in moaie middei yn de kantine:
Wepmaster mei en wepmaster sûnder burd, 
Sa as it no liket moatte wy us sneon al wer ferfele en der is niks minder as dat. At it waar net better wurdt dan moatte wy noch mar ris
klaverjasse. Sjoen de opkomst oardel wike lyn dan wie dit wol in sukses.
Derom sneon 6 febrewaris klaverjasse yn de kantine. De oanfang sil wer wêze om 14.00 oere en we kaarte trije boomkes. Mocht it fuotbaljen wol troch gean
dan wurdt it kaarten ôflast en as it fuotbaljen ôflast wurdt dan kaarte. Welke kâns is it grutst?
Aktiviteitenkommisje

Sneu
It boppesteande berjocht is foar ien man net leuk. Stoffel Bouma. Hij mei graach kaarte, mar moat sneon yn Jirnsum oantrede foar de persoanlike kampioenskippen Fryskdamme. Foar Stoffel betsjut dat dit jier wer besykje it degradaasjespoek fan de bealch te hâlden.

Vancouver
Wij sieten der al wat oer yn. Soene de Olympyske Spelen wol troch gean sûnder bepaalde taskôgers. Wij hoege der net oer yn te sitten. Dirk Yde hat syn webside
WaarbenjijDYS mar wer fan stâl helle, want hij is der bij oer 9 dagen.

Meidentechnykdei
Wij krigen it folgende berjocht:
De Noord Nederlandse Voetbal Academie organiseert op 26 februari 2010 een meisjes voetbaltechniek dag. Vanaf 09.00 uur barst het spektakel los op sportpark Nylan in Leeuwarden op de velden van MKV’29. Sjoch foar mear ynformaasje
hjir.

Harsens derby (128)
Okaka fan AS Roma is jeugdynternational fan Italië. AS Roma fynt dat hy noch net genôch sjen lit yn de Serie A en lient him foar 6 moannen út oan Fulham. Okaka liet snein by AS Roma noch al efke sjen dat sy him noch missen gean ek: