Weppers tiisdei 18-5

Weppers moandei 17-5
16 mei 2010
Weppers woansdei 19-5
18 mei 2010

SDS 2
Hjoed giet SDS 2 foar it ferfolch yn de neikompetysje. Ut tsjin Meppel. Letter hjoed hoopje wij de útslach melde te kinne.

Wa giet ek nei Meppel?
SDS 2 spilet jûn om 19.00 de weromwedstryd yn de 1e ronde fan de neikompetysje tsjin FC Meppel 2. Martin Rienstra frege him ôf as der ek SDS-supporters dy kant op gean. Hy soe namelijk graach meiride wolle. Wa ´t in hiel lyts plakje oer hat yn de auto foar in tige smel kûntsje kin maile mei Martin.

Gjin trainen (1)
SDS D3 hat jûn gjin trainen
Douwe

Gjin trainen (2)
Het trainen van de D1 gaat vanavond niet door. Donderdag om 19.15 uur is er wel gewoon trainen.
Bedankt, 
Tsjipke

Programma
Ek dizze wike binne der wer jûnswedstriden.
Op woansdei thús:
SDS E 4- JV Bolsward E4  (19.00 oere)
SDS F3 – Workum F5  (19.00 oere)
Op woansdei út
NOK F 1- SDS F1   (18.30 oere)
Blauw Wit F2 – SDS F4  (17.45 oere)

Keatse
Jim sille der fêst wat fan meikrigen hawwe. It keatsen is wer begûn. En om it allegear wat regionaal te hâlden is der in alder aardichste doarpekompetysje opsetten. Woansdei de twadde wedstriid. Yn Littens komt Mantgum op besite en Wommels sil de striid oangean mei Easterein. It begjint om 19.30 en it fynt plak op it fuotbalfjild yn Easterein.

Kom nei Wommels!
(Toekomstige) Jeugdspelers,
Kom nei Wommels organiseert 2 juni aanstaande  een voetbalclinic gegeven door Maarten de Jong van SC Heerenveen (Voormalig prof-voetballer).
Er worden vijf clinics van  25 minuten georganiseerd met medewerking van VV SDS tussen 13.30 uur en 16.00 uur te Wommels.
Je hoeft hiervoor niet lid te zijn van een voetbalclub of vereniging. Wel moet je in de leeftijd zijn van 6 jaar tot 16 Jaar.

De deelnemers worden ingedeeld op leeftijd en volgorde van binnenkomst.
Definitieve deelnemerslijsten worden uiterlijk  op 29 mei gepubliceerd de website van VV SDS.
Opgeven kan  via e-mail naar Foarsitter-jeugd@vv-sds.nl met vermelding van Naam, leeftijd,
eventuele spelerscategorie (indien bekend) Opgave kan tot 27 mei.
Veel voetbal plezier!!
Hans van der Schaar

Barbekjoe
Foar SDS 5 sit it seizoen der hast op. Sûnt begjin april mear as de helte fan alle wedstriden ôfwurke. It hat wol wat blessures oplevere, want tal fan spiler binne kneuzen wurden. Mar sneontemiddei binne se hast allegear fit genôch om mei te bargjeknoeien. Bij Eddy en Pep yn de tún tidens de finale Champions leaugue. Moglik komt Hertog Jan ek wer lâns. En Stoffel fansels want dy bakt as de beste.

Kampioenen?
Wij hawwe net alle stannen yn de kop en freegje ús ôf at der ek kampioenswedstriden binne de kommende twa wiken. Jou ús efkes berjocht sadat wij at it sa fier is wat oproppen dwaan kinne.
Wy hawwe noch gjin reaksjes han, mar hawwe yn elts gefal SDS D3-G, E3 en de famkes fan D4M kans op in kampioenskip.

Wommelser Kampioenskip(WK)  17 mei 2010
Sa as oankondigde wie dit alwer it twadde WK fan dit jier, protte bekende gesichten en seker ek in pear nije gesichten. It as altyd belangriik om dochs in oanwas fan debutanten op it WK te hâlden. Wat foel der dizze edysje op?
-Eeltsje Sikke efkes ût de tiid
-Willem makket kopgoal fanôf de middelline yn eigen goal……wat?! Ja echt..
-Henk fynt de bal stroef
-Ralph W. fynt it fjild stroef
-Jaap fynt syn skoun stroef
-Erik fynt Jacob syn elleboog stroef
-Hendrik E.  spilet handbal mei Willem..mei  4 ballen…
-Bram van B. drinkt yn ieder gefal wol like folle as biertje Popov
-Twa senuwachtige debutanten op it WK yn de foarm fan Jacob von W. en Wietse L.
-Feyenoord wurt yn 2014 kampioen, aldus de koarte broek fan Ate F. de B.
-Jacob skakelt safolle mogelijk minsken ût om sichsels folgend jier wer fan in basisplak te fersekerjen
Team gekleurd:
Erik,Eeltsje,Hendrik E, Jacob von W., Wietse L en The Black Pearl
Team Swart:
Willem,Ate F. de B., Jacob, Henk,Jaap en Bram
Mei in unefen start kaam der hulp ût onferwachte hoek yn de foarm fan Bram om de teams wer yn balans te bringen, werfoar dank. Team gekleurd hie de hiele wedstriid eins in oerwicht op team swart welke stie te skutterjen. It waar dan ek snel in spiele wedstriid wer team gekleurd op gemak ûtron nei in 6-2 foarsprong. Neidat twa minsken effkes ût de tiid wiene gien troch deselfde Eastereiner elleboog waar it heech tiid foar de winnende goal! Sa as al sa faak hat bliiken dient is dizze winnende goal in compleet nije wedstriid. Nei wat pressiefoutbal fan teamgekleurd wie it in no-look crossbal fanût Team swart har achterhoede welke de op 40m bûtenspul steande Ate F. de B. frij foar de goal sette. Dat Eeltsje Sikke yn dizze in negatieve haardrol hie wurt yn dizze edysje effkes bûten beskouwing litten. De goal waar seker koelbloedig ôfmakke troch de ex-Nijlander. De winst gie dan ek nij team Swart.
Oankommende tongersdei 20 mei hoapje wij yn alle sûns wer om 8 oere in baltsje te traapjen.
Alg. Stat. Dir. WK Bestjoer
H.K. Engbrenghof

Harsens derby (214)
It is 1-1, je hawwe 35 minuten fuotballe en je hawwe in frije traap rûn de middenline. Wat dogge je? Op de goal fege fansels……….



Letter miskien wol mear!