Weppers woansdei 19-5

Weppers tiisdei 18-5
17 mei 2010
Clinic Maarten de Jong
19 mei 2010

SDS 2 útskeakele
SDS 2 is justerjûn útskeakele yn de neikompetysje nei pingels nei mei 3-1 ferlern te hawwen fan Meppel 2 (4-3).
It siet SDS 2 dizze wedstryd net echt mei. Hendrik hie de earste kâns mar kopte op de peal. Hjirnei makke Meppel al gau de 1-0, mar it wie Robert dy ’t mei in prachtige frije traap de 1-1 makke. Nei 2 giele kaarten foar in spiler fan Meppel rekke de skieds it paad wat bjuster. Yn blessueretiid krekt foar de rêst makke Meppel de 2-1 út in frije traap wylst de muorre noch delsetten waard troch de liedsman en hy net fluite hie.
De twadde helte gie it hielendal oan. De wedstryd wie wier net tige hurd mar úteinlik krige Meppel 7 giele (wêrfan 2 spilers 2 kear) en SDS 9(!?) giele kaarten (allinnich Sjoerd, Wichard, Jan-Simon, Ewout en Willem net). Meppel sette de lêste 10 minuten in soad druk mar SDS krige noch beste kânsen op de 2-2. Krekt foar tiid joech de skieds in pingel oan Meppel en waard it 3-1. De pingels waarden troch Meppel wat better naam. Sy sjitten ien op de peal en Robert ien foar SDS. Willem skeat “gewoan” op de keeper en soarge der hjirmei foar dat it seizoen foar SDS 2 dien is. Letter mear hjiroer……….

Seizoensôfsakker
It 1e en 2e sille tongersdei samlik de lêste training fan it seizoen ôfwurkje.
We begjinne om 19.30 oere. Wa als net kin moat him efkes by Klaas of Dick ofmelde. De kantine is iepen dus nei it trainen geane we net lyk nei hús.
Wa ’t net trainen giet wurdt om 21.30 ferwachte om mei in bierke efkes it seizoen ôf te slúten
Gr Klaas en Dick

Midsimmercup
Ek dizze 7e kear sil der wer in ploegje SDS’ers meidwaan oan de Midsimmercup op sneon 5 juny yn Dronryp. Hjoed wie alfêst de lotting. SDS liket net in maklik lot te hawwen:

Poule H
Stiens
Avanti
Akkrum
Futsal Marum
SDS
(Sjoch hjir foar de hiele lotting)

Kampioenen?
SDS E3  heeft een zeer goede kans om kampioen te worden.
Zaterdag 22 mei DE wedstrijd tegen Joure SC in Joure.
Als we deze wedstrijd winnen, waar de jongens natuurlijk hun stinkende best voor gaan doen zijn we SDS E3  KAMPIOEN.
Gelukkig zijn we zaterdag compleet, onze laatste man Arnout komt zelf even terug van vakantie!
Op zaterdag 29 mei moeten we thuis onze laatste wedstrijd spelen en hopelijk hebben we dan iets te vieren. We houden jullie zeker op de hoogte
groetjes  Sietske

B1 ek
B1 moat hjoed ek fuotbalje. Sij geane jûn nei Makkum ta.

HansieHansie
ILLUSTRATIE WWW.HANSIEHANSIE.NL

Hans Kraay Junior sit net mear by Voetbal International oan tafel. Syn grutste fan HenkieHenkie Postma docht der alles oan om him werom oan tafel te krijen(klik hjir).

Harsens derby (215)
Wy ferwachtsje net dat Ingelân Wrâldkampioen wurdt. Bondscoach Capello is dúdlik net skerp: