Weppers moandei 17-5

Weppers snein 16-5
16 mei 2010
Weppers tiisdei 18-5
17 mei 2010

Seleksje SDS 2
SDS 2 spilet moarntejûn de weromwedstryd tsjin Meppel 2. De wedstryd yn Meppel begjint om 19.00. De folgende spilers gean mei: Marten, Jan-Simon, Wichard, Ewout, Arjan, Syb, Jildert, Sytze, Redmer, Robert, Hendrik, Durk, Hjalmar, Willem en Sjoerd.
Sy fertrekke om 17.15. Graach auto meinimme.

Foar de jeugd
Aan de jeugdleden:
Het lopend voetbalseizoen is zo goed als afgelopen, maar achter de schermen zijn de voorbreidingen voor het seizoen 2010-2011 al in volle gang. Zo is de Jeugdcommissie met de TC – jeugd bezig met de teamindelingen, zodat we op tijd aan de KNVB kunnen melden met hoeveel teams we de nieuwe competities ingaan etc.
Nu kan het zijn dat je erover denkt om met voetbal te stoppen of naar een andere club te gaan. In beide gevallen moet je tijdig actie ondernemen:
1. Je stopt met voetbal en wilt geen lid meer zijn van SDS: via de site van SDS ga je links in het beginscherm naar de knop ‘Oan/ôfmelde’ en de rest wijst zichzelf. Doe dit dan vóór 1 juni a.s.
2. Je gaat bij een andere club voetballen: hiervoor heb je een overschrijvingsformulier nodig, verkrijgbaar bij het wedstrijdscreatriaat (A. Vink) of de ledenadministrattie (K. Plantinga), zie de Treffer voor nadere gegevens. Vraag het formulier op tijd op, de club moet er ook bepaalde dingen op invullen en dat kan enige tijd duren. Het formulier moet vóór 1 juni bij de KNVB zijn voor verwerking en anders loop je de kans dat je niet gelijk aan het begin van het nieuwe seizoen kunt voetballen….
Nu we het over het nieuwe seizoen hebben, wanneer begint dat eigenlijk:
1. De standaardteams (A1, B1 etc) komen in principe in het bekerprogramma, dat start op zaterdag 21 augustus 2010. Daarna nog op 24 en 28 augustus, het vervolg is afhankelijk van de uitslagen. De beker begint dus in een poultje…
1. Volgens het huidig bekende programma van de KNVB begint de competitie, ook de gehele jeugdafdeling, op zaterdag 4 september 2010
De (nieuwe) leiders zullen uiteraard tijdig bericht ontvangen van / via de Jeugdcommissie.
De JC / TC – jeugd.

Jits Spits
Wij tinke dat it Jitske Plantinga spyt dat it seizoen dien is. Want sij hat it skoaren aardich te pakken krigen. 17 doelpunten en samar op it twadde plak. Har doelstelling wie om mear te skoaren as har heit en broer tegearre. Dat wie dus in makkie. De komplete list kinne jim
hjir sjen.

Read?
Hjir it momint fan ôfrûne sneon dat Jits Spits ûnderút helle waard doe ’t sy allinnich op de keepster ôfgie. Wy tinke dat de efterste frou fan Lemmer alsnog skorst wurdt nei it sjen fan it byld(sjoch ek weppers fan snein):

`As dat gjin read is………..`
(De foto is makke troch Wiep Wierda. Hjir stean noch mear foto´s fan de wedstryd!)

Kampioenen?
Wij hawwe net alle stannen yn de kop en freegje ús ôf at der ek kampioenswedstriden binne de kommende twa wiken. Jou ús efkes berjocht sadat wij at it sa fier is wat oproppen dwaan kinne.

Slotmiddei
Freed wurdt it moai waar. Dat komt goed út want dan is de slotmiddei foar de jeugd. Allegear komme fansels.

22 maaie frij?
Dirk de Jong seach sneontejûn efkes op de webside fan VV Meppel. Ien ding foel him op. Sy hawwe by Meppel der blykber net folle fertrouen yn dat Meppel 2 de folgende ronde hellet yn de neikompetysje:
22  mei FC Meppel 2- VRIJ

5 tsjin 5
Ek dit jier docht der wer in ploegje fan SDS mei oan it jierlijkse 5 tsjin 5-toernoai fan Koudum. Op 5 juny sille Jaap, Skelte, Tsjipke, Feite, Jelmer, Tsjalling, Willem c.s. it opnimme tsjin:
1. Bakhuizen 1
2. vv Warga
3. ONS 1
4. ONT 2
5. Wykels Hallum 2
6. Rottevalle 1
7. ONT 3
8. Oeverzwaluwen 2
9. SDS
Ek Dick Schuurman docht wer mei mei âlde fuotbalmaten fan SC Joure.

WK
Jûn foar de twadde kear alwer it Wommelser Kampioenskip. Wy binne benijd as Jelmer Posthumus op ‘e tiid hersteld is. It begjint om 20.00 (op fersyk fan fuotbaljende heiten) op it skopfjild fan Wommels.

Flagge út!
It kin wêze dat der hjoed by in hiel soad Feyenoorders de flagge úthinget. Wêrom?
Hjirom…….. 

Harsens derby (213)
De keeper fan Birmingham City en it Ingelske Alvetal Joe Hart hat lêsten in ynterview mei it “Birminghamster sufferdsje”(wat is dat eins yn it Ingels?) hân. Braaf fertelde hy syn moaiste kleur, lelijkste sjurt, lekkerste iten en maat fuotbalskuon. Op de fraach mei wa ’t hy wolris in ôfspraakje hawwe woe antwurde hy; “Pamela Anderson”. Dit wie sa regele fansels: 
Joe Hart en Pamela Anderson