Weppers tiisdei 18-2-2020

SDS 1 – Heeg 1
17 februari 2020
Weppers tongersdei 20-2-2020
20 februari 2020

Programma

Kommende sneon binne der 2 thúswedstriden en 4 útwedstriden. Bij de thúswedstriid spesjale oandacht foar SDS VR1 dat it opnimt yn de beker. It programma kinne altiten sjen ûnder it kopke “wedstriden”.

10:15 ST SDS/Nijland JO17-1 – V en V’68 JO17-1
12:30 SDS VR1 – Vitesse’63 VR2
10:00 CVO JO12-1 – SDS JO12-1
10:30 Oeverzwaluwen JO19-1 – SDS JO19-2
12:00 Makkum 4 – SDS 5
15:00 Scharnegoutum’70 4 – SDS 4

Hendrik de Jong

Hendrik de Jong docht meast in part fan de wedstriid mei. De lêste tiid begjint hij oan de ôftraap. Sa ek sneon. Yn de 65 ste minút stie hij noch yn it fjild, dus sei der immen:

“It is hjoed foar it earst dit seizoen dat Hendrik de Jong in ‘hiele’ wedstriid fuotballe hat….🙃

De SDS league

De earste punten binne helle troch de dielnimmers dy’t meidogge oan de SDS league. Fanwege foarjierfakânsje duorret it wat langer as gewoan foardat wij it op de side sette. Dus optimisten wês net ûngerêst, it komt letter….

SDS 1 – Heeg 1

It ferfolch fan SDS 1 – Heeg 1 sil spile wurde op sneon 29 febrewaris om 14.30 oere. Der sille noch 25 minuten spile wurde. De wedstriid begjint mei in skiedsrjochtersbal op de middenstop foar SDS begjint  bij 1-0, mei 11 spilers fan SDS en 10 fan Heeg.

Twa spilers begjinne mei ien giele kaart (bij SDS is dat Erik Haitsma). It is net sa dat deselde spilers opsteld wurde moatte.

Nije opset


It pupillenfuotbal giet op de skeppe. Folgjend seizoen wurdt it sa’t it yn dit skema stiet. Dat jildt dus foar de JO8 oant en mei JO12.

Barry Hulshoff ferstoarn

Taalman Wim Daniels skreau in prachtich gedicht oer Barry Hulshoff