Weppers tongersdei 20-2-2020

Weppers tiisdei 18-2-2020
18 februari 2020
Weppers freed 21-2-2020
21 februari 2020

SDS 2 oefent

Kommende sneon oefent SDS 2 thús tsjin Woudsend 1. Om 14.30 giet it los,

Jan Nota

Op 16 maaie is de lêste thúswedstriid fan SDS 1. Oudehaske 1 is dan de tsjinstanner. Nei ôfrin is der muzyk yn de kantine. Jan Nota nimt syn gitaar mei en mei syn stim der bij sil de stimming fêst goed wurde. Dus notear yn de agenda: 16 maaie Jan Nota

Jan Ydema

Yn de LC fan moandei dit stikje: Wij merke allinne mar op dat Jan Ydema trainer west hat bij SDS yn it seizoen 1989-1990 (diels) en 1990-1991.

Help

Yn 1997 bestie SDS 50 jier. Fan alle alvetallen binne doe foto’s makke. Wij woll se ynkoarten allegear op de wepside pleatse, mar de nammen moatte der wol goed bij.


Dit is de foto fan C2 1997 en wij missen noch 4 nammen. Wa helpt ús?
Mail nei aant@vv-sds.nl of app nei 06-55117582

De hjoed earder pleatste foto fan E2 is tanksij jim help no kompleet.