Weppers snein 16-8

Efkes Balje 14-8
15 augustus 2015
Weppers tiisdei 17-8
17 augustus 2015

SDS 1
SDS 1 hat justermiddei/jûn mei 5-0 ferlern fan twadde klasser Hardegarijp. SDS 1 begong mei de folgjende 11 spilers:


Letter kamen Bauke, Jacob Klaas, Haptamu en Jort

Bakfyts
Trainer Frans Munsterman koe juster moai op de fyts nei it sportfjild yn Hurdegaryp. At Frans wat in fytser is witte wij net, mar fan Dooitze Nauta witte wij wol dat hij graach fytst.  Mar op de fyts komme nei in wedstriid ta is meast lestich sa lit Dooitze ús witte. Hij sit altyd mei de tafel…..

Dêrom moat it dus sa……

F-pupillen
Op 19 augustus gean alle F-pupillen (dus ek de minileague) wer los mei trainen. Allegear op tiid der wêze, it is fan 17:00 oant 18:00 oere. Ofmelde kin by my fia 06-26785381. Gr. Hans vd Schaar.

Programma
De kommende wiken giet it wer los mei de bekerwedstriden. Op de foarside kinne jim ûnder dizze button

it programma altyd fine fan de kommende twa wiken. Let op de thús – en útwedstriden stean apart.

SDS 2
SDS 2 soe in ploech minder yn de kompetysje hawwe en net mei 12, mar mei 11 teams de kompetysje yngien. De KNVB hat úteinlik Be Quick Dokkum 4 op it lêste momint der noch by setten.

SDS 3
SDS 3 soe in kompetysje fan 12 ploegen hawwe, mar as wy voetbal.nl leauwe meie dan tinnet de kompetysje hurd út. Dit listje stiet der no noch:

1
Balk 3
2
Balk 4
3
IJVC 2
4
Makkum 4
5
Nijland 3
6
Oeverzwaluwen 3
7
SDS 3
8
Waterpoort Boys 3

Alde doaze

Net allinne wij hawwe in âlde doaze, ek âld SDS spiler en grut sc Hearrenfeanfan Gearard Posthumus. Hij kaam  dizze opstelling tsjin fan de earste wedstriid bij syn klupke, tegearre mei heit Appie (dy’t Ajax fan is).

Harsens derby (1579)
Der blike plots ek spitsen te wêzen dy ’t mei de hakke skore kinne. En hoe!