Weppers tiisdei 17-3-2020

Samar wat âld spul út 1996
16 maart 2020
Weppers freed 20-3-2020
20 maart 2020

Akke-Rixt-Zijsling tekent by!

Akke-Rixt Zijsling is trainer-koach fan de Vr.1 en dat giet mar bêst. SDS Vr.1 stiet boppe-oan en stiet yn de kwartfinale fan de beker. Wy binne dan ek tige wiis dat Akke-Rixt folgend seizoen ek wer trainer koach fan Vr.1 wêze wol.

Gerwin knapt op!

Gerwin Sijbesma fan SDS 1 rekke rom 3 wiken werom swier blesseard op wintersport yn Eastenryk en hat dêr 2 wiken yn it sikenhûs lein. Sûnt ferline wike is hy wer thús en knapt ynmiddels wer op. Hy rint alwer lytse rûntsjes troch it doarp en hat fan de 12 kilo dy ’t hy ferlern hat ynmiddels alwer mear as 2 werom. It folledige ferhaal kinne jim lêze yn de kommende Treffer.

Gerwin nei it ûngelok en Gerwin foar it ûngelok………..

Meand


At it no wol of net ferantwurde is dat bern no’t se net nei skoalle hoege, wol fuotbalje meie, witte wij net. Feit is wol dat it fjild yn Wommels meand is en dat it moandeitemiddei lekker drok wie.

Noch gjin sponserrin

Op woansdei 1 april soe de sponserrin om it Abe-Lenstrastadion wêze foar alle bern fan ‘freoneklups’ fan sc Heerenveen. De ST. SDS-Nijland-jeugd wie al sûnt 1 maart drok op syk nei stipers en hie al mear as €1500,- ophelle. Dit stiet no efkes stil en as der in nije datum fûn is kin der wer fierder socht wurde nei stipers. Wy hâlde jim op de hichte.

SDS-League

No ’t de Eredivisie stil leit betsjut dat ek dat de SDS-League sa lang stil leit. De koprinner fan no sil dat sawisa oant 6 april wêze. Net ’90 minuten lang’, mar seker 30 dagen lang sil ’90 minuten lang’ fan Jan-Friso Bruinsma de kopposysje hâlde. Spitich foar him is hjir fierder gjin priis oan ferbûn……

De nije Treffer

Wy hoopje dat de nije Treffer nije wike hielendal klear is om by jim troch de bus te fallen. Dan hoefe jim jim ek minder te ferfelen.

Wa?


Wy sieten der al in skoft oer te stinnen wa ’t dat no wie op de teamfoto fan SDS 2 seal út 1997 rjochts neist Jelle de Boer. Inkelden wienen der fan oertsjoege dat it Jacob Oostra wêze moast. Sels Jacob syn frou………. Wy binne der no eindelijk efter dat it him net is. It is Koos Klapwijk. Hy hat in skoftke by SDS balle en is dêrnei ferhúze nei Aldegea.

Poiesz-jeugdsponseraksje

De Poiesz-jeugdsponseraksje rint noch oant 5 april. Dat wurdt noflik hamsterjen fannewike mei de bernebananen, pankoeken, poffertsjes, jus d’orange en vlaflippen fan de Poiesz en in blomke foar de frou fansels! De muntenkoker fan SDS stiet by de Poiesz yn Skearnegoutum.

Harsens derby (2218)

Dat wat efkes noflik balje sa moai makket!