Weppers tiisdei 17-12-2019

Weppers snein 15-12-2019
15 december 2019
SDS-League: ‘Kânsleas’ pakt de wykpriis!
17 december 2019

SDS JO11-1 út de beker

De derby tsjin Oosterlittens JO 11-1 eindige justerjûn yn in wat flattearde 0-4 oerwinning foar de Littensers. Earste helt moai lyk op. Goeie kânsen oan beide kanten mar twa poerbêste keepers kearden hiel wat ballen.  Yn de 18 de minút kaam Littens troch in prachtich skot fan ôfstân krekt oer de keeper hinne op foarsprong.
SDS like al gau op 1-1 te kommen want de bal waard efter de doelline fuortslein troch in spiler fan Oosterlittens. De skiedsrjochter joech lykwols in strafskop en dy waard op de latte sketten en dus mist. Krekt foar de thee kamen de gasten ek noch op 0-2.
Yn de twadde helte hie SDS it dreech. Der kamen net folle kânsen en de teloarstelling dat it net echt woe, waard hieltyd grutter. Oosterlittens makke flak foar tiid noch de 0-3 en de 0-4.
Fochten as liuwen mar it wie net genôch.

SDS 4

Woansdeitejûn om 20.00 oere yn Nijlân de wedstriid Nijland  4 – SDS 4.

Lekker iten!


Spitich genôch gie de wedstriid fan SDS Vr.1 ôfrûne sneon net troch, mar hawwe sy noch wol efkes hearlik luncht yn de bestjoerskeamer. It wie noflik en as ferrassing hie Harmke noch wat lekkers foar Vr.1 makke. It wetter rint ús suver yn de mûle.

Trainersnijs

Arjen Hoekstra fan Heeg wurdt folgend seizoen op ‘e nij trainer by TOP’63.
Marcel Valk wurdt trainer by LSC 1890

SDS-League

Jûn rûn in oer as 18.43 oere hinne kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS-League wer ferwachtsje.

Harsens derby (2193)

De beste schwalbe fan 2019!