Weppers snein 15-12-2019

Sneon 14-12-2019
13 december 2019
Weppers tiisdei 17-12-2019
17 december 2019

Mei de bus nei Willemsoord 1 – SDS 1

Neffens tradysje gie SDS 1 sneon yn de bus nei Willemsoord. Spitich genôch levere it dit kear mar ien puntsje op, mar dêrneist ek in noflike middei.

Bline Toto

Yn de bus waard ek in bline toto organiseare troch Popko Wijnia. De lêste lotsjes waarden opkocht troch de bruorren Haitsma en dat die fertúten. Erik gie der mei de haadpriis fan troch.

Winterskoft

Alle senioarenteams hawwe no winterstop. Inkelde jeugdteams moatte noch fuotbalje dizze wike en kommend wykein. Sa spilet SDS JO11-1 moandeitejûn om 18.30 oere thús foar de beker tsjin Oosterlittens JO11-1, spilet SDS 4 woansdeitejûn om 20.00 oere út tsjin Nijland 4, moat JO19-2 kommende sneon om 10.30 oere út balje tsjin ST. Mulier/Arum/Stormvogels en de JO15-2 om 10.30 oere nei ST IJVC/Blauwhuis.

SDS-Nijjierssit

Wy sjogge jim graach allegear wer op de SDS-Nijjierssit op sneon 4 jannewaris. Je kinne in eintsje te rinnen, der is klaverjassen en der is in mikstoernoai. Foar it fuotbaljen kinne je je opjaan by je leider of trainer of fia dizze link. Foar it klaverjassen kinne je je opjaan by Popko Wijnia of fia dizze link. Foar it kuierjen hoefe je je net per sé op te jaan.

Krystsealtoernoai Frjentsjer

Kommende sneon dat der wer in ploegje SDS’ers mei oan it tradisjoniele Krystsealtoernoai yn Frjentsjer. De earste foarrondes binne sneon 21 desimber en de rest fan de foarrondes en de finales binne op 2e-Krystdei. De poule fan SDS sjocht der sa út:
Keet Lazarus
vv SDS
Topline
De mannen v.d. Berg
Fysio Rozengracht
Foto Techniek Service
Sportcafé De Trije
Zandstra v.d. Meer

Kryst-Treffer

De Treffer-redaksje is drok dwaande mei de Kryst-Treffer en hopet dat dy by jim rûn de Krystdagen troch de bus falt.

Harsens derby (2192)

Ek skiedsrjochters hawwe harren favoriten.