SDS-League: ‘Kânsleas’ pakt de wykpriis!

Weppers tiisdei 17-12-2019
17 december 2019
Woonvaria nije sjurtstiper SDS 4
19 december 2019

Foar de tredde kear yn syn libben pakt de wepmaster mei it stikeltsjehier de wykpriis. Mei ‘FC Kânsleas’ pakt Aant Hofstra 51 punten en dat is krekt ien mear as ‘Retirement Sucks’ fan Hendrik Eringa, ‘Kratje Bier’ fan Robert Hoekstra en  ‘Sponsorcommissie, bedankt!’ fan Martijn Rispens.

‘Aan de kant ik moet naar het stadion’ fan Sjoerd fan Beem hat mar ien doel en dat is de titel. Hy giet fier oan kop en hat mar leafst 26 punten foarsprong op nûmer 2, ‘FC (Arjan) Hallema’. ‘Kratje Bier’ fan Robert Hoekstra en ‘Man van Fiets’ fan Kris Gaastra en Thor Ruiter dogge wer ris oan stuorke wikseljen. No stiet ‘Kratje Bier’ wer 3e.

‘FC Tomboektoe’ is blykber allinnich noch mar mei de holle by de krystgala’s. De ploech fan Tom Wijnia pakt mar 14 punten en is op reis nei de ûnderste plakken.

Minne wiken foar Ajax, dus ek minne wiken foar Jelmer Posthumus. Hy kin mei ‘XXXDappere strijdersXXX’ de poedelpriis wol fêst ophelje, want fierder sakje slagget net mear.

 

SDS League 2019-2020 earste helte wike 12