Weppers tiisdei 14-3-2017

Weppers moandei 13-3
13 maart 2017
Weppers woansdei 15-3
15 maart 2017

De âldste doelpuntenmakker fan SDS 1 ea!

Afbeeldingsresultaat voor SDS feite de haanJuster fregen wy nei oanlieding fan dit ús ôf; Wa soe de âldste doelpuntenmakker fan SDS 1 ea wêze?
Hendrik de Jong gie op ûndersyk út en úteinlik kamen wy op it folgende listje:
1. Feite de Haan, 39 jier, 7 moanne en 22 dagen (28-1-2017 goal tsjin Oudehaske).
2. Willem Wijnia, 38 jier, 8 moanne en 10 dagen (27-9-2014 goal tsjin Mulier).
3. Harm Stremler, 37 jier, 11 moanne en 20 dagen (15-9-2012 goal tsjin ONT).
4. Wichard Deinum, 37 jier en 27 dagen (23-4-2005 goal tsjin Kootstertille).
5. Hendrik de Jong, 34 jier, 8 moanne en 10 dagen (11-3-2017 goal tsjin Waterpoort Boys).
6. Jappie Wijnia, 34 jier, 5 moanne en 10 dagen (14-9-2002 goal tsjin Workum).

Mochten jim oanfullingen hawwe dan heare wy it graach!
Mail nei info@vv-sds.nl!

 

Goeie skeids

Sneon spile VR 1 op it B-fjild. Meardere taskôgers sieten noflik en rêstich yn it sintsje efter de kantine. Dy rêst waard al gau fersteurd yn de twadde helte. De fuotballers fan Aldehaske 4 wiene fierstente betiid foar harren wedstriid dy’t dêrnei wie tsjin SDS 4. Se stiene mei harren allen wat mei wat ballen te pielen op in pear fjouwerkante meter neist it fjild. Dat is wat steurend foar de wedstriid, dy’t oan de gong wie , mar foaral foar it publyk. Probleem wie foaral dat se harren “lûdsboks” meihinne en sokke dingen hawwe gjin standsje sêft. Wij hawwe ek noch nea heard dat er moaie muzyk útkomt. Wierskynlik fûn skiedsrjochter Auke Eringa dat ek. Hij hearde it in pear minuten oan en stjoerde it hiele spul dêr wei, sadat de hearlike rêst weromkaam. “in goeie skeids” wie de konklúzje fan it publyk.

Seal

It sealteam mei moarn wer los om 20.00 oere  yn de sporthal yn Easterein. Tsjinstanner is sc Bolsward 4.

Doelpuntenmakkers

Nei dit wykein moasten wij wer 6 doelpunten bijwurkje yn de totale list. Wij hawwe earst mar 5 dien, want de doelpuntenmakker fan SDS 4 ha wij net trochkrigen.

Poiesz-jeugdsponseraksje

Dizze wike kinne jim by de Poiesz yn Skearnegoutum Roosvicee multi-vit. en fulde koeken krije mei ekstra munten. Dizze meie jim wol yn de bus fan SDS dwaan by de Poiesz of jim meie se meinimme nei de kantine. op de bar stiet in grutte faas foar Poiesz-munten.

QVC 1 – SDS 1

Kommende sneon reizget SDS 1 ôf nei QVC 1 foar wer in wichtich potsje. In oersicht fan Voetbalnoord levert in aardich byld op oer de histoarje.  Bijgelyks dat de lêste trije wedstriden einigen yn 2-1.    Sjoch hjir.

Fjildsje foar de boksen

It fjildsje foar de boksen kin wer wat brûkt wurde. Sa sil op sneon de Mini-League der ferspile wurde en kinne b.f. op sneontemiddei wat jongelju dêr bolje. It is (noch) net de bedoeling om der op te trainen en om dêr yn te drafen. Dit kin efter de sporthal.

Yn ‘e klean


Hans van der Schaar hie in moai wykein. As koach winne mei JO 17-1 , as spiler winne mei SDS 3 en de twa jonges Luuk en Sije yn de klean stekke yn Rotterdam.

Harsens derby (1849)

Au!!