Weppers woansdei 15-3

Weppers tiisdei 14-3-2017
14 maart 2017
Weppers tongersdei 16-3
16 maart 2017

Ferslach SDS 1 – WPB 1

Op de webside fan Waterpoort Boys 1 is in útgebreid ferslach te lêzen oer de derby fan ôfrûne sneon. Sjoch hjir.

Skorst

Pieter Sijtsma krige ôfrûne sneon syn 5e giele kaart fan it seizoen. Dit betsjut dat hy kommende sneon skorst is. Sawisa soe it lestich wurde om kommende sneon te fuotbaljen, want Pieter rint noch net sa makkelijk neidat hy him sneon wat ‘ferstapte’.

Munten


Der kinne noch wol wat munten bij yn de koker fan SDS dy’t yn Skearnegoutum stiet. Hawwe jim sin oan gefulde koeken, helje se dan dizze wike, want dat levert hiel wat muntsjes op. Hawwe jim noch wat muntsjes lizzen, soarchje dan wol dat se op tiid yn de koker komme.

Wa is de âldste doelpuntenmakker fan SDS 1?

Wy hawwe in nije nûmer 5!

1. Feite de Haan, 39 jier, 7 moanne en 22 dagen (28-1-2017 goal tsjin Oudehaske).
2. Willem Wijnia, 38 jier, 8 moanne en 10 dagen (27-9-2014 goal tsjin Mulier).
3. Harm Stremler, 37 jier, 11 moanne en 20 dagen (15-9-2012 goal tsjin ONT).
4. Wichard Deinum, 37 jier en 27 dagen (23-4-2005 goal tsjin Kootstertille).
5. Douwe-Dirk Reitsma, 34 jier 11 moannen en 27 dagen (19-3-1994 goal tsjin Rijperkerk)
6. Hendrik de Jong, 34 jier, 8 moanne en 10 dagen (11-3-2017 goal tsjin Waterpoort Boys).
7. Jappie Wijnia, 34 jier, 5 moanne en 10 dagen (14-9-2002 goal tsjin Workum).

Mochten jim oanfullingen hawwe dan heare wy it graach!
Mail nei info@vv-sds.nl!

Harsens derby (1850)

De tsjinstanner altiten folgje…………