Weppers tiisdei 13-11

Weppers moandei 12-11
11 november 2012
Weppers woansdei 14-11
13 november 2012

Fytssleutel kwyt
Juster hat Jeffrey van der Werf syn fytssleuteltsje ferlern efter de sporthal. Wa ’t him fynt mei efkes maile nei info@vv-sds.nl!

E2 hat wol trainen
E2 hat fannemiddei wol trainen. Trainer Ruurd kin fanwege skoalle net op tiid komme, mar Klaas van de Weg nimt it fan him oer.


Gearwurkje
Beide wepmasters hawwe noch altiten in soad wille mei it meitsjen fan de SDS-webside. De wepmaster mei it langste burd ferwuddet dit alderaardichst op
syn eigen webside. De jongste wepmaster kin hjirfan allinnich mar sizze dat hy der ek sa oer tinkt.

SDS-fotoboekje
De foto’s dy ’t de lêste tiid allegear by SDS makke binne fan teams en spilers komme yn ferskeidene SDS-fotoboekjes. Wat wy op de ledengearkomst heard hawwe is dat dizze boekjes fanôf jannewaris by de Jumbo te krijen binne by de boadskippen.

Jierdeis
Der binne alle dagen wol jierdeis te fieren bij SDS. Sa no en dan meitsje wij dêr melding fan. Wij “ferjitte” it ek wolris in dei.
Soms krije wij berjochtje fan immen dy’t oandacht freget foar in jierdei en dan kinne wij it net “ferjitte”.

10 jier
Us lokwinsken geane dus út nei de “wite kriger” fan Turns: Arjen Schaap. Hij is 10 jier wurden sneon.


Alde doaze
Wij hawwe der wer ien útfiske. Dizze kear út 1982 en doe mocht
hij wat fertelle yn de Snitser krante.

Blommen?
Hjirûnder in alderaardichste foto fansels fan in stik of wat SDS’ers mei blommen, mar de earstfolgende kear as sy wer mei blommen yn de hannen stean hoopje wy wol dat it dan net mei de Jeu-de-peloten west hat mar mei SDS:


Harsens derby(889)
As trainer moat je de kop der al wat by hâlde: