Weppers moandei 12-11

Weppers snein 11-11
10 november 2012
Weppers tiisdei 13-11
12 november 2012

E2 hat wol trainen
E2 hat tiisdei wol trainen. Trainer Ruurd kin fanwege skoalle net op tiid komme, mar Klaas van de Weg nimt it fan him oer.

Fan herte lokwinske!
De ienige ynternasjonal fan SDS, Krist Stoelwinder, is hjoed jierdei. Hy wurdt 15 jier.
Grietzen Broersma wurdt hjoed 21 jier en Jelmer Brouwer 8 jier. Ek fan herte lokwinske!

Moaie wike
Sint Marten wer foarbij, de kommende wike droech, je soene hast sizze dat dit in moaie trainingswike wurde kin. Wij geane der fanút mei al dy goeie foarútsichten dat der dizze wike gjin training útfalt en gjin spiler mist.

Foarige wike
Henk Bootsma hie noch wat moaie reinige plaatsjes lizzen fan de wedstryd SDS 1 – Heerenveense Boys 1 fan foarige wike. Set de paraplu mar fêst op(klik
hjir).

Alde doaze
Ut de âlde doaze kaam dizze kear
in foto fan 1979-1980. Dêr steane guon op dy’t krije gelyk wer in goed sin at se dizze kampioensfoto sjogge.

Ferslach E1
Theo Postma is foar E1 in troue skriuwer fan ferslachjes. Ferline wike skreau hij in ferslach mar fergeat it nei ús te stjoeren. Kin gebeure , dus krigen wij der no twa.
Dat fan sneon kinne jim
hjir fine en dat fan ferline wike sneon hjir.

Doelpunten
De froulju hawwe sneon in fertsjintlik punt helle bij it altyd lestige Hielpen. Twa kear skoard. De doelpuntenmakster wie beide kearen Jitske Veltman.

Doelpunt
Wij lêze op sportlink dat SDS 4 sneon ek balle hat. Sij hawwe yn it noch lestiger Warlum in puntsje pakt troch in 1-1 stân. Mar wa skoarde dêr?

“You ‘ll never walk alone”
Wy lêze it AD mei nammen om de prachtige kollums fan Wilfred Genee, Renate Verhoofstadt en it meast noch Sjoerd Mossou. Wy benijd hoe ’t sy yn Easterein tinke oer Sjoerds
kollum fan ôfrûne sneon.

Lazanje!?
Juster seach Jesmer Zonneberg fan F4 efkes om it hoekje by ien fan de wepmasters. De wepmaster siet foar PSV-SC Heerenveen en zapte efkes nei Sport 1. Op dizze sender wie “Laz – Rom” oan de gong. Jesmer wist lyk welke ploegen dit wienen; “ha, dit is Lazanja tegen Rome!”

Harsens derby(887)
En doe?