Weppers tiisdei 13-11-2018

Weppers snein 11-11-2018
11 november 2018
Weppers woansdei 14-11-2018
14 november 2018

Sneon 1 desimber komt Sipke de Boer

Sneon 1 desimber nei de wedstriid tsjin Willemsoord komt Sipke de Boer spyljen yn de kantine. Jûns letter spilet hy yn it kafé yn Easterein mei de Suskes!

Hendrik yn de LC

Juster stie der in alderaardichst stik oer Hendrik de Jong yn de Ljouwerter Krante. Jim kinne it artikel hjir lêze.

LC 12-11-2018 Hendrik de Jong

Eigen doel

SDS 4 docht it dit jier prima yn de kompetysje. Dat is it rissultaat fan jierren ynfesteare yn it groepsproses en in noaske ha foar goeie oankeapen. It skoaren giet dit jier ek prima hoewol spits Jelmer Posthumus no nei trije hattricks op in rige like droech leit as Geert Hiemstra yn de jierren 70. It duorre bij him oant april ta foardat er wer skoarde.
Wat echt opfalt bij SDS 4 is dat se 3 kear help hân hawwe fan ferdigeners fan tsjinstanners. Mar leafst 3 eigen doelpunten holpen SDS 4. Je soene hast tinke dat se dêr in lyts budzjet foar hawwe……

Doelpuntenlist

Fan alle kompetysjewedstriden hâlde wij de doelpuntenmakkers bij fan de senioren fan SDS. Sa sjocht it der út mei de koprinner dy’t 9 doelpunten skoard hat. Sjoch hjir.

Bekerlotting

SDS 1 sit yn de folgende ronde fan de beker nei de winst op Waskemeer. De lotting fan de twadde ronde is jûn nei de bekerwedstriid Oudehaske 1 – Balk 1. De twadde ronde wurdt normaal sprutsen spile yn it wykein fan 22 desimber. U.o. de folgende ploegen sitte yn de pot: Dronryp, Heeg, BCV, Frisia, Trynwâlden, Buitenpost, Be Quick Dokkum, Broekster Boys, SWZ sneons en sneins, Hardegarijp, Drachtster Boys, Dokkum, Bergum, vv Heerenveen, Flevo Boys en noch folle mear!

SDJesse-tv (diel 1)

Jesse van der Weide fan SDS 2 is blesseard en dan kinne je moai efkes in floch meitsje oer de wedstriid fan ôfrûne sneon tusken SDS 2 en VVI 2. Dat is him goed slagge. Hooplik flogget der mear.

Kelderklasse

Twa fragminten út SDJesse-tv misstean net foar de webside ‘Kelderklasse’. Ien der fan stiet der al op (sjoch hjir).

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn

De sealfuotballers fan SDS meie moarntejûn wer los. Sy spylje om 20.30 oere yn Frjentsjer tsjin ZVF.

SDS’ers der op út

De familie Overal hienen ôfrûne wykein wer harren jierlijkse fuotbalútsje. Dit kear gienen sy nei Lissabon. Sneintemiddei efkes yn it stadion fan Benfica omtoarke en jûns nei Sporting Lissabon – Chaves. De nije ploech fan Marcel Keizer wûn mei 2-1 troch twa goals fan Bas Dost.

Syb, Samme en Klaas yn it stadion fan Benfica

Klaas, Syb en Samme yn it stadion fan Sporting Lissabon

De nije SDS-League

Woansdei komme wy wer mei de nijste stân fan de SDS-League. Soe Rick noch boppe-oan stean?

Harsens derby (2072)

Goed foar je meispiler soargje wurdt beleane.

כדורגל ישראלי 😍 pic.twitter.com/L7rww6xR8i