Weppers snein 11-11-2018

Sneon 10-11-2018
9 november 2018
Weppers tiisdei 13-11-2018
13 november 2018

SDS-ledengearkomst

Hâlde jim woansdei 21 novimber frij? Jûns fanôf 20.00 oere is dan de jierlijkse SDS-ledengearkomst mei dit kear wat in oar programma as oars. Ynkoarten mear der oer. Der is dy jûns gjin Champions-League-fuotbal, dus dêr hoefe je net om thús te bliuwen. Dêrneist hat Auke-Jetze de kofje brún en hat hy fêst ek wat lekkers by de kofje. Kom allegear! Yn de Treffer stiet 14 novimber, mar dat moat dus 21 novimber wêze!

Bekerje

SDS 1 giet troch nei de 2e ronde yn de beker nei de winst juster op Waskemeer 1. De folgende ronde stiet pland foar sneon 22 desimber. Hjir kinne jim de oare útslaggen sjen yn de beker. Hjoed wurdt der ek noch bekere. Sa spylje hjoed û.o. Dronrijp en sc Franeker tsjinelkoar.
Opfallend wie juster foaral dat Heeg Blauw-Wit’34 1 útskeakele troch mei 1-0 te winnen.

Skorst

Remco Hijlkema krige juster syn twadde giele kaart yn dit bekertoernoai. Dat betsjut dat hy skorst is foar de folgende bekerronde.

Ljouwerter Krante

De  Ljouwerter Krante wie juster te sjen by de bekerwedstriid SDS 1 – Waskemeer 1. Wy sjogge út nei it stikje yn de krante moarn.

Ynhelle

Yn de 3e-Klasse A fan SDS 1 waard juster ek in ynhelwedstriid spile. Oudehaske wûn juster thús mei 3-0 fan Minnertsga 1. Minnertsga is sneon de tsjinstanner fan SDS 1 yn Easterein.
Oudehaske mei tiisdei noch bekerje thús tsjin Balk.

Mei de bus nei Heech?

Sneon spylje sawol SDS 2 as 4 yn Heech om 14.30 oere tsjin vv Heeg. SDS 2 tsjin vv Heeg 2 en SDS 4 tsjin Heeg 3. Dat ropt om in bus fansels! Wy sille ris sjen as hjir wat animo foar is.

Superclassico

Juster soe de earste wedstriid yn de finale fan de Copa Libertadores spile wurde tusken Boca Juniors en River Plate. Yn ferbân mei de pubkwis justerjûn yn it Dielshûs is de wedstriid fersetten nei jûn 20.00 oere. 😉

It hie ek aardich reind ynderdaad……….

Pieter en Pieter en …….

Sa’n gearwurking tusken SDS en Nijland levert by tiden alderaardichste dingen op. Sa steane wy mei de JO15-2 boppe-oan yn de kompetysje. Dêrneist fuotbalden juster de twa neefkes Pieter Breeuwsma en Pieter van der Valk tegeare foar de JO15-2. Pieter Breeuwsma fuotballet al jierren foar Nijland en Pieter van der Valk fuotballet by SDS yn de JO13-1. No ’t de JO13-1 net hoefde juster en by SDS JO15-3 in Pieter blesseard wie, koe Pieter moai meidwaan yn de JO15-2 mei syn neef Pieter.

Rektifikaasje

Yn de nije Treffer stiet in stik oer Hendrik de Jong syn 100 goals foar SDS 1. Hjir stiet in lyts foutsje yn. De beslissingswedstriid tsjin Be Quick Dokkum wie net op it âlde fjild fan FVC, mar op it âlde fjild fan Blauw-Wit’34 efter de Friesland-Campina.

Lokwinskuhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhuuhhhhhh!!

Pieter Sijtsma en Anco Elgersma binne hjoed beide jierdei! Lokwinske!

 

Harsens derby (2072)

Sa ’n passearbeweging is prachtich fansels, mar betink wol dat je Pieter-Liewe altiten twa kear tsjinkomme…………

 

Letter mear!