De famkes fan SDS MO 13-1 meitsje der in (goeie) gewoante fan om op woansdei te de kompetysjewedstriden ôf te hanneljen. Jûn om 18.30 moatte se al wer los yn Easterein. Tsjinstanners binne de fammen fan Irnsum MO13-1.
Om 20.30 treedt SDS seal oan tsjin ZVF 1. Wedstriid wurdt spile yn de Trije yn Frjentsjer.
Justerjûn wie de lotting fan de beker fan standertteams. SDS 1 mei it út opnimme tsjin Leovardia. De wedstryd wurdt net spile op sneon 22 desimber, mar yn de wike fan 26 novimber troch de wike op jûn.
Al wer in sneon foarbij en al wer moai wat punten. Foaral de senioren diene it it ôfrûne wykein prima. Sjoch hjir foar de tuskenstanden fan alle teams.
SDS 2 en SDS 4 moatte sneon beide yn Heech fuotbalje om 14.30 oere, dfus ideaal foar in buswedstriid tochten wy sa. Spitich genôch binne der tefolle mei oare plannen dit wykein, dus giet de bus wer efkes werom yn de stalling.
Foar wa’t de Treffer perfoarst digitaal lêze wol, sjoch hjir.
Al jierren wurdt by it fuotbaljen bepaald wa ’t de ôftraap nimt troch middel fan de toss. In Ingelske skiedsrjochter hie in wat hjoeddeistigere fersje betocht. De FA fûn dit net kinnen. Wy meie it wol lije! Wa hat der ommers oer in pear jier noch in losse euro yn de bûse? Sjoch hjir.
Matthijs Postma hat hjoed syn rydbewiis helle by Rijschool Theo Postma! Dat liket der mar op! Lokwinske!
Gelf Eringa fan Spannum ien fan de fuotballers fan it earste oere fan SDS libbet helaas net mear. Wij krigen noch wol in prachtich ynstruksjeboek mei yn 1950 bijelkoar sparre printsjes oanrikt. It boek is skreaun troch Leo Pagano en dat wie yn dy tiid in legendaryske namme wat fuotbalsjoernalistsyk oangiet.
It boek sit fol mei mar leafst 240 plaatsjes, wêrfan it grutste part in útlis is fan it spul.
As je je fuotten yn de tizen hawwe wolle dan moatte je dit fannewike mar efkes probrearje op trainen!
What a finish from this lad! 😱👌 Just 13-years old.
(🎥 @FTalentScout) pic.twitter.com/QTyN2yQ7kQ— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) 12 november 2018